Misdriuw Karin Grijpstra opnij yn Opsporing Verzocht

17 mrt 2020 - 11:07

It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht jout tiisdeitejûn opnij omtinken oan de dea fan Karin Grijpstra út Koarnjum. Op sneintemoarn 23 febrewaris waard de frou dea fûn yn it wetter by har hûs. De plysje tinkt oan in misdriuw.

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op tiisdei 25 febrewaris hat ek al omtinken west foar dizze saak yn Opsporing Verzocht. Underwilens binne der hast fyftich tips binnenkommen. Ferline wike waard de sleat dêr't de frou fûn is, noch yngreven ûndersocht. Dêr binne wat persoanlike besittingen by fûn.

(advertinsje)
(advertinsje)