CDA Fryslân wol dúdlikheid oer kontrôle op natuerbehear

17 mrt 2020 - 11:07

De Steatefraksje fan it CDA wol fan de provinsje witte hoe't de kontrôle fan it natuerbehear binnen Fryslân ynrjochte is. De partij hat fragen steld nei oanlieding fan in artikel yn de Veldpost oer dit ûnderwerp. Hjirút docht neffens it CDA bliken dat de kontrôle op boeren en natuerorganisaasjes bot ferskilt.

Skries yn it boerlân - Foto: Omrop Fryslân

Neffens it CDA wurde natuerorganisaasjes mar ien kear yn de fjouwer jier kontrolearre, wylst boeren dêrtsjinoer in grutte druk ûnderfine fan it NVWA út. De Steatefraksje wol derom fan it kolleezje witte hoe't de kontrôle ynrjochte is troch de provinsje, bygelyks hoe faak dit plakhat en of de behearplannen foar de gebieten wol op oarde binne.

"Yn it fjild hearre wy dat yn guon gebieten fan natuerorganisaasjes eartiids in soad greidefûgels sieten, mar dat dy in better hinnekommen socht ha, neidat de natuer dêr oars beheard wurdt, bygelyks de Twizelermieden. De fraach libbet by ús of dit te krijen hat mei de kwaliteit fan it behear of de kar foar it type behear", sa seit Steatelid Attje Meekma.

(advertinsje)
(advertinsje)