Tagongsdyk camping Stortemelk leit besiedde mei glês, tsjûgen socht

De plysje siket minsken dy't mear witte oer hoe't it glês op de tagongswei nei camping Stortemelk op Flylân kommen is. De dyk leit fol mei stikkene bierfleskes, sterkedrankflessen en kapotte bier- en wynglêzen, sa kaam tiisdeitemoarn oan it ljocht. De plysje makket der melding fan op Twitter
Ien fan de stikken sleine bierfleskes © eigen foto
Minsken dy't wat sjoen hawwe of dy't ynformaasje oer de saak hawwe, kinne belje mei de plysje op 0900-8844. Anonym wat trochjaan kin ek. It telefoannûmer dêrfoar is 0800-7000