Doarpen biede deputearre petysje oan foar behâld bus 71

17 mrt 2020 - 10:04

De Pleatslik Belangen fan Marsum, Ingelum, Bitgummole, Bitgum, Berltsum en Wier hawwe tiisdeitemoarn in petysje foar it behâld fan bus 71 oanbean oan deputearre Fokkens. De petysje is 3.249 kear ûndertekene. Nei de earste dei wiene der al 2.200 ûndertekeners.

Fertsjintwurdigers fan de doarpsbelangen by busline 71 yn Marsum - Foto: Hieke Joostema-Greidanus

De busline driget opheft te wurden by de oanbesteging fan it iepenbier ferfier foar de perioade 2022-2032. De doarpen hawwe dan gjin eigen bushalte mear en moatte dan gebrûk meitsje fan de nije halten op de Westergowei.

Essinsjeel foar leefberens

In goede berikberheid is neffens de doarpsbelangen essinsjeel foar de leefberens yn de doarpen en belangryk om de krimp tsjin te gean. De doarpen wolle dêrom graach mei de nije konsesjehâlder yn petear om mei te praten oer besunigingen dy't mei helpe kinne om de bustsjinst te behâlden.

De petysje soe yn earste ynstânsje troch in grutte groep bewenners oanbean wurden, mar fanwege it coronafirus is dêr fanôf sjoen.

(advertinsje)
(advertinsje)