Kollum: "Komplotteoryen"

17 mrt 2020 - 08:33

"Desynformaasje is ek in firus en op syn minst sa gefaarlik as dat wat no hearsket. Rêstich bliuwe, it kopke derby hâlde en de praktyske advizen fan it RIVM neifolgje, folstiet net foar in part fan de befolking. Dat flechtet yn de meast idioate komplotteoryen, probearret de skealikste saken om't op it ynternet stiet dat it helpt."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Soks hat grif mei ûnwissichheid te meitsjen. In oerheid kin noait alle ûnwissichheden fuortnimme, en eangst siket in útwei. No kinst sizze: wat kin it skele? Minsken leauwe altiten al yn absurde, útwrydske saken. Mar sa't bliken dien hat mei de útbraak fan it ebolafirus yn 2016, kin it funest wêze as minsken troch komplotteoryen feilichheidsadvizen yn 'e wyn slaan, sadwaande harsels en oaren de dea ynjeie.

Krekt dat sjochst no ek mei it coronafirus barren. De útbraak wurdt politisearre. Der sirkulearret in berjocht op sosjale media dat it coronafirus ynset wurdt om in wrâldwide ekonomyske krisis te feroarsaakjen. Dy krisis wurdt wer brûkt om maatregels te rjochtfeardigjen dy't sûnder sa'n oermachtssituaasje net akseptearre wurde soene. Mei oare wurden: it is gjin pandemy, mar in wrâldwide machtsgreep. Sa redenearjend is de pest wierskynlik yn de midsiuwen om deselde reden ynset wurden: as middel foar in wrâldwide machtsgreep. Lykas it berjocht dat it firus út in laboratoarium yn Wuhan lekt is en dat de Sineeske oerheid dat ferswijt. Sokke ûnsin sit yn in rychje dat jim sels oanfolje kinne. Al hoe absurd en fan de pôt rukt ek, de berjochten wurde dield.

Falske ynformaasje soarget foar gaos en hystery. Minsken plonderje supermerken foar skytpapier, fanwegen in berjocht dat stelt dat it firus ek fia de toiletbril ferspraat wurdt. Miskien dat soks dan noch hinnebruie mei, want der binne skealiker útwaaksen. Lykas it promoatsjen fan wûndermiddels, it fersprieden fan falske medyske berjochten dy't de autoriteit fan professionals yn de sûnenssoarch ûndermynje, it promoatsjen fan geweld troch deep fake fideo's te meitsjen dêr't sabeare op te sjen is hoe't Sineeske en Italiaanske autoriteiten minsken deasjitte dy't it firus ha. Troch dy fideo's binne professionals yn beide lannen oanfallen wurden.

Ik moat it ek mei jim oer de effektiviteit fan wûndermiddels ha. Yn 't foarste plak it iten fan en ynsmarren mei knyflok. In probaat middel tsjin fampiers, mar 100% wis net tsjin it COVID-19. Dat jildt ek foar it drankje dat Miracle Mineral Solution hjit en dêr't bleekwetter ynsit. It iennichste dat dat ferneatiget binne de mage en de terms. Kokaïne soe it firus ek deadzje, mar is like effektyf as it drinken fan in krat Amstel, it smoken fan in tuorrebout of it achterútdraaien fan de nije cd fan Gerard Joling. It foar- of omdwaan fan maskers, kapkes of sels lege plestik flessen jout ek twa kear neat. Wêrby't in plestik flesse ast it sekuer oanpakst oars wol in radikale en definitive oplossing wêze kin.

Ik wol mar sizze: desynformaasje is ek in firus. Mar wol ien dat mei in bytsje sûn ferstân foar te kommen is."

(advertinsje)
(advertinsje)