Buma oer needferoardening: "Ook met de sterke arm de deur dicht kunnen doen"

De Fryske boargemasters hawwe in needferoardening fêststeld fanwege de situaasje om it coronafirus hinne. Mei dy maatregel kinne gemeenten optrede as bygelyks restaurants of kafees tsjin de regels yn dochs iepengean. Der is in regionaal beliedsteam foarme en boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat de lieding as foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân.
© Omrop Fryslân
Offisjeel hat de GGD oant no ta fyftjin gefallen fan coronabesmetting registrearre yn ús provinsje. Ien pasjint, in man fan yn de tachtich, is moandei ferstoarn. It tal fêststelde besmette minsken is yn Fryslân noch leech yn fergeliking mei oare provinsjes.
Dochs jilde de fiergeande maatregels ek hjir en dy binne goed te fernimmen. De needferoardening is dêrom wichtich, seit boargemaster Buma. "Mocht het zo zijn dat mensen zich niet vrijwillig aan de regels houden, dus een restaurant wel opendoen of een zwembad wel openhouden, dan moet je uiteindelijk ook met de sterke arm de deur dicht kunnen doen."

Ferantwurdlikheid

Buma fernimt dat elkenien hiel goed beseft dat de situaasje serieus is. "Alles wat we nu doen, staat in het licht van de gedachte hoe we deze crisis kunnen bestrijden. Dan is het alleen maar goed dat de Nederlanders en de Friezen begrijpen dat jezelf de grote verantwoordelijkheid hebt, en niet moet wachten totdat je een politieagent of een ander langs de deur krijgt die gaat handhaven."
Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert oer de needferoardening
Premier Mark Rutte sei moandei yn syn taspraak dat in grut part fan de befolking it coronafirus krije sil en dy iepenheid falt goed by de boargemaster Buma. Hy fûn it ien fan de belangrykste punten. "De manier waarop het nu in Nederland gaat, weten we dat heel veel mensen dat virus gaan krijgen. Maar tegelijkertijd dat daarmee de weerstand wordt opgebouwd, zodat we in een volgend jaar niet iedereen weer ziek wordt of gevaarlijk ziek. En dat we dan een bescherming hebben, ook als er nog geen vaccin tegen is."
Boargemaster Buma oer de taspraak fan premier Mark Rutte