Famylje út Kollum sit fêst yn Egyptysk resort: "We hearre hielendal neat"

De famylje Elzinga fan Kollum sit fêst yn in resort yn Egypte fanwege it coronafirus. Se sitte mei seis folwoeksenen en twa bern fan 10 en 3 sûnt sneon yn it resort Desert Rose yn Hurghada. By in Dútske hotelgast is it coronafirus fêststeld en no mei gjinien it hotel mear út.
"Der lei in brief by ús doar dat we yn ús keamer bliuwe moasten fanwege it coronafirus. Foar de rest witte wy eins neat", seit Liza Elzinga. "De minsken fan it resort fleane har út de naad. Se hawwe har personiel al beheind ta it minimum, mar foar harren is it ek oermacht. Se dogge ferskriklik harren bêst, mar se kinne it net byhâlde."
De 'gasten' krije de mielen by harren keamer besoarge. "Se komme hjir yn pakken en dan bringe se it nei de doar ta."

Gjin kontakt

De famylje wol graach werom nei Nederlân, mar krijt dêr mei gjinien kontakt oer. "Wy hearre hielendal neat. Net út it resort sels wei, mar ek net fan Corendon. Wy binne kompleet blanko fierder."
It hotel ferlitte en nei it fleanfjild gean, is ek gjin opsje. "Ast fan it resort ôf giest en hast gjin flecht, dan sitst fêst op it fleanfjild. Dan kinst net werom. Dat risiko wolle je net rinne."
Liza Elzinga sit mei har famylje fêst yn Egypte