Liveblog | 17 maart 2020

Coronanijs tiisdei 17 maart: Minder treinen, oprop Waadeilânboargemasters

Folgje dit liveblog om op 'e hichte te bliuwen fan it lêste nijs om it coronafirus yn Fryslân hinne.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 10:29
woansdei 18 maart 2020
22:00

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tiisdei 17 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op ús webside, www.omropfryslan.nl, en op ús mobile app. Tank foar it folgjen.
tiisdei 17 maart 2020
21:40

Provinsje Fryslân is yn petear mei ûndernimmers oer mooglike stipe

21:24

Merk Fryslân wol witte wat it firus foar it Fryske toerisme betsjut

Merk Fryslân wol as organisaasje foar regiomarketing mear ynsjoch krije yn watfoar ynfloed it coronafirus hat op Fryslân en de Waadeilannen. Dêrom hat Merk Fryslân in enkête opset, spesjaal rjochte op minsken dy't in bedriuw of organisaasje hawwe op it mêd fan (saaklik) toerisme.
Ek tinkt de organisaasje nei oer mooglike inisjativen om dochs wat de dwaan yn de regio. Merk Fryslân nimt it 'omdenken Friesland style.' Der wurdt bygelyks tocht oan restaurants dy't ôfhelmenu's oanbiede, no't de hoareka troch it firus net mear iepen is.
21:04

'Wielerronde van Ureterp' giet net troch

De hurdfytsstichting yn Oerterp lit witte dat de 'Wielerronde van Ureterp' net trochgiet. De fytstocht stie op de planning foar 13 april. De organisaasje sil no mei de Koninklijke Nederlandsche Wielren Unie (KNWU) sjen oft der mooglikheden binne om de wedstriid te ferpleatsen.
© Wielerstichting Ureterp
20:49

Applaus yn Fryslân foar it soarchpersoniel

20:39

Nije maatregels oer it reizgjen fan en nei Nederlân

It ministearje fan Bûtenlânske Saken riedt alle fakânsjereizen nei it bûtenlân oant 6 april ôf. Reigzje oer de grins moatte je eins allinne noch dwaan as it echt needsaaklik is, wurdt der yn it advys sein.
Omkeard binne reizgers fan bûten de Europeeske Uny tydlik net mear wolkom yn Nederlân en de oare lannen yn de Schengensône. Dat is besletten troch alle lieders fan de EU. Dat ynreisferbod jildt net foar EU-boargers en harryn famylje, medysk personiel, frachtweinsjauffeurs, minsken mei in ferbliuwsfergunning, diplomaten, grinswurkers en guon ûndersikers.