Coffeeshops meie dochs iepen, mar allinnich ferkeap oan ôfhelloket

17 mrt 2020 - 06:48

De maatregel fanwege corona om njonken de hoareka ek alle coffeeshops yn Nederlân ticht te dwaan, smiet ek by de coffeeshops yn Ljouwert snein meterslange rigen op fan minsken dy't noch gau efkes in pear pûdsjes himp ophelje woene. Moandei waard it beslút lykwols foar in part weromdraaid en dêr binne de coffeeshopeigeners bliid mei.

Foto: ANP

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei in coffeeshopeigener

It regear makke bekend dat coffeeshops wol himp en hasj ferkeapje meie oan ôfhelloketten, as der mar rekken hâlden wurdt mei de hygiëne. "We zijn hartstikke blij en de klanten al helemaal. We schrokken wel van de drukte", seit in Ljouwerter coffeeshophâlder. "We moesten dat in een halfuurtje afwerken, maar we hebben iedereen tevreden gesteld."

De man is wiis mei it beslút dat syn winkel wer iepen mei, mar seach dizze drokte net oankommen. De eigener sil fan no ôf wol maatregels nimme: der meie maksimaal twa klanten de kear nei binnen en it personiel bliuwt efter pleksyglês.

Strjithannel

It beslút om de shops dochs foar in part iepen te hâlden is naam om de strjithannel yn drugs tsjin te gean. Want it die fuortendaalks bliken dat der yllegale hannel ûntstie. "Ik maakte me wel zorgen over onrust op straat, vanwege straatdealers." Ek yn Ljouwert waarden der daalks telefoannûmers útwiksele, noch op de stoepe fan de shop.

Foar de fêste klanten is it in opluchting dat sy wer gewoan by harren eigen Ljouwerter shop terjochte kinne.

In klant oer it beslút dat de coffeeshops dochs wer iepen gean

(advertinsje)
(advertinsje)