Plysje is op syk nei fermiste Jan Jongsma (47) fan Drachten

De plysje is op syk nei de 47-jierrige Jan Jongsma fan Drachten. De man hat in ferstanlike beheining en wurdt sûnt moandeitemoarn fermist. De plysje hat moandeitejûn mei ferskate ienheden en in helikopter nei Jongsma socht.
Jan Jongsma © Plysje
Hy gie moandeitemoarn op syn swarte fyts fuort, fan de Unia yn Drachten. Gewoanwei giet er alle dagen nei de deibesteging op De Westereen, mar dy wie moandei ticht fanwege it coronafirus. Neffens de manager fan de deibesteging wie de man derfan op 'e hichte dat se tichtgiene, mar liket it derop dat er troch syn beheining net mei dizze feroaring fan struktuer yn syn deistich libben út de fuotten koe.
De famylje en begelieding fan de man hawwe sûnt syn ôfreizgjen neat mear fan him heard. Dêrom freget de plysje minsken dy't him sjoen hawwe sa gau as mooglik te beljen mei de plysje.