Undernimmer slút twa winkels yn Harns: "Ik hoopje dat ik it te serieus nim"

Undernimmer Jellie Tichelaar slút har twa winkels yn Harns út foarsoarch om it coronafirus. It giet om 'Binnen en Buiten' en om 'Koks en Keukenmeiden', in saak dy't se mei har sus runt. "Ik hoopje dat ik ferkeard sit, dat ik it te serieus nim. Mar ik nim leaver it wisse foar it ûnwisse. Net allinnich foar mysels, mar ek de minsken dy't by my wurkje en yn de winkel komme."
Undernimmer
It is in beslút dat net troch de oerheid oanret wurdt. Oant no ta meie winkels as dy fan har gewoan iepen bliuwe. Dochs fielde it net goed. "We ferkeapje gjin guod dat fan belang is yn it deistich libben. Minsken kinne der wol even sûnder, tink ik."
Wol kin it grutte finansjele konsekwinsjes ha. Hoe grut de skea wêze sil, kin Tichelaar net sizze. It is lestich foar har om wurktiidferkoarting oan te freegjen foar har personiel: "It is sawiesa hiel drok op de websites troch alle hoarekabazen. Ik kom der eins net troch." Mar Tichelaar wit ek net oft har personiel dêr wol rjocht op hat, om't de tydlike sluting net ferplichte wurdt troch de oerheid.