Premier Rutte: 'Grut part fan de Nederlanners sil coronafirus oprinne'

16 mrt 2020 - 19:15

It coronafirus is ûnder ús en in soad minsken yn Nederlân sille it firus oprinne. Dat sei premier Mark Rutte niiskrekt yn in live taspraak op telefyzje. Neffens him sitte wy yn in achtbaan dy't hieltyd hurder riden giet.

Foto: NOS

Rutte rôp Nederlanners benammen op om foar antwurden nei saakkundigen sjen te bliuwen, lykas Jaap van Dissel fan it RIVM, mar ek firologen, dokters en spesjalisten. Harren advys bliuwt liedend foar alle maatregels. "Het is belangrijk dat we op het kompas van wetenschappelijke kennis blijven vertrouwen."

De premier neamde syn boadskip in dregen ien. Realiteit is dat it firus ûnder ús is en dat bliuwe sil. In grut part fan de befolking sil neffens Rutte it firus oprinne.

Trije senario's

Der binne trije mooglike senario's dy't him útrôlje kinne. Ien dêrfan is dat we it firus maksimaal kontrolearje. Dat betsjut dat it firus kontrolearre ferspraat wurdt ûnder groepen dy't de minste risiko rinne. Sa kin de pyk ôfflakt wurde. Mei dy oanpak bouwe we immuniteit op en sil it soarchsysteem alles oankinne.

Oare opsje is dat it firus folslein syn eigen gong gien litten wurdt. Dat moat neffens Rutte lykwols perfoarst foarkommen wurde, om't it soarchsysteem dan oerbelêste rekket. Tredde senario is dat it firus folslein beheind wurdt. Dêrby soe it lân folslein op slot en platlein wurde moatte. Dat hat grutte ekonomyske neidielen en it firus kin dan letter lykwols dochs noch de kop op stekke. Alle advizen en maatregels fan no binne op it earste senario rjochte.

"Passen en meten"

Hoelang't de no al troffen maatregels fan krêft bliuwe, hinget ôf fan hoe rap oft it firus him ferspriedt. De maatregels kinne fersoepele wurde of wer stranger. Rutte: "Het blijft passen en meten."

Rutte sei dat it kabinet ûndernimmers stypjen bliuwe sil en derfoar soargje sil dat harren bedriuwen net omfalle. "Het zal hoe dan ook een moeilijke tijd worden, maar we laten u niet in de steek."

(advertinsje)
(advertinsje)