Learling fan gymnasium Beyers Naudé besmet mei corona

16 mrt 2020 - 18:38

In learlinge út de twadde klasse fan kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert hat it coronafirus oprûn. Dat befêstiget foarsitter Joost Visser fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Noard-Fryslân. It famke is de jongste coronapasjint yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

It famke sit yn thúsisolaasje en soe yntusken alwer oan de betterjende hân wêze. "Ze heeft zich vorige week woensdag ziek afgemeld van school. Hoe ziek ze was op school, weet ik niet. Het is mogelijk dat ze zieker werd toen ze op school was", seit Visser.

Dêrom binne moandei yn oerlis mei de GGD alle âlden en bern ynformearre. It advys oan harren is om foaral alert te wêzen op de ferskynselen fan it firus. "We weten niet met het meisje mogelijk in contact is geweest."

De GGD hat yntusken in kontaktûndersyk opsetten. Oft it famke yn in risikogebiet west hat, kin Visser net sizze. It famke is noch net meinaam yn 'e sifers fan de GGD om't de skoalle elkenien earst sels op 'e hichte bringe woe.

Joost Visser, kolleezje fan bestjoer fan CVO Noord-Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)