Kommissaris Brok: "We hawwe in soad oefene foar krisissituaasjes as no"

16 mrt 2020 - 17:40

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat syn meilibjen utere oan famyje en neisten fan de man dy't sneintenacht ferstoarn is oan it coronafirus. Mar wat is krekt de rol fan Brok yn tiden as dizze?

Foto: Omrop Fryslân

"As rykshear hâld ik tafersjoch op de rykstsjinsten yn de provinsje. Dat dogge de alve Kommissarissen yn de oare provinsjes ek. Wy rapportearje it ryksregear oer de tastân fan saken yn ús provinsjes", leit Brok út.

It formele foech op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens en de GGD leit by de achttjin Fryske boargemasters. Sy stean ûnder lieding fan de boargemaster fan Ljouwert. "De Veiligheidsregio pakt dat formeel allegear wer op. Dat dogge se yn ús gefal no hiel saakundich en profesjoneel. De minsken witte wat se dwaan moatte."

Soad oefene foar krisissituaasjes

It wichtichst yn tiden as no is neffens Brok om de rêst te bewarjen. "It is in net normale situaasje en dan kin it sa wêze dat minsken nerveus wurde en út balâns reitsje. Mar wy hawwe profesjonele minsken, we hawwe in soad oefene foar krisissituaasjes as no."

Der is op dit stuit in soad kontakt tusken de boargemasters. "Ek ha ik oerlis mei de provinsjesekretaris en de kabinetssjef." Dat oerlis giet oer de coronakrisis, mar ek oer oare gewoane saken dy't trochgean bliuwe.

"Wy wurkje yntusken allegear gewoan troch. Wy besykje ûnderstypjend te wêzen wêr't it kin, minsken by elkoar te bringen wêr't it needsaaklik is en gewoan te harkjen."

"Bliuw rêstich"

Brok wol alle Friezen op it hert drukke om rêstich te bliuwen. "Wy moatte yn it foarste plak besykje rêstich te bliuwen en op te folgjen wat de ministers sizze." Dus: ôfstân nimme, thús bliuwe wêr't it kin en empaty toane foar de minsken dy't foar ús oan it wurk binne.

"Ik sil jûn mei de boargemasters fierder prate oer hoe't it allegear rint op dit stuit by de Veiligheidsregio. As we de linen fan it ryksregear ek yn Fryslân opfolgje, dan kinne we miskien soargje dat dit net te lang duorret."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok

(advertinsje)
(advertinsje)