Sportcast: Epke siket in loads: "Acht meter heech graach!"

16 mrt 2020 - 17:34

It coronafirus hâldt ek yn 'e sport elkenien yn 'e besnijing. Wurdt Cambuur noch wol kampioen en hoe komt it mei Epke Zonderland, no't hy net mear traine mei? "As der ien op It Hearrenfean is mei in loads fan acht meter heech, dan hear ik it graach", sa seit de olympysk kampioen fan 2012.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Der wurdt yn alle gefallen oant 6 april net fuotballe. Foaral foar Cambuur kin dat neidielich wêze. De koprinner fan de earste difyzje hat fjouwer punten foarsprong op de konkurrinsje, mar troch it koronafirus wit gjinien wat der barre sil.

Foeke Booy: "Er zijn twee scenario's denkbaar. Of zoals het nu is wordt de eindstand, of we gaan in juni door voetballen. Ik heb er op dit moment een slecht gevoel bij om op 6 april weer te gaan voetballen."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn de SportCast dy alle moandeis by oer al it sportnijs. De presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)