Restaurant Het Leven jout fergees iten fuort

16 mrt 2020 - 17:02

No't alle hoareka oant 6 april ticht is, bliuwt in protte iten oer. Restaurant Het Leven út Ljouwert fynt it skande om it iten fuort te smiten en dêrom koene minsken moandeitemiddei de produkten fergees ophelje.

De aksje is bedoeld om de minder bedielde minsken in bytsje te helpen. Nei de sluting op snein kaam eigener Wouter van Uffelen mei it idee. "Ik dacht: we kunnen drie dingen doen. We kunnen het weggooien, we kunnen het naar de Voedselbank brengen of we kunnen ook gewoon een open bericht op Facebook zetten. Misschien dat er mensen zijn die niet bij de Voedselbanken aangesloten zijn en die toch op een minimum leven. Als we daar een paar mensen blij mee kunnen maken dan ben ik daar heel blij mee."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

It restaurant hie net ferwachte dat der safolle minsken op ôfkomme soene. In oere yn it foar stiene de earste minsken al yn de rige. Sy binne tige bliid mei de aksje. "Ik heb een weekbudget van bijna niks, en door al het gehamster grijp ik mis op de goedkope spullen, dus al mijn weekgeld is opgegaan aan de weekendboodschappen", seit Chantal de Vries. Sy fynt dat mear restaurants sokke inisjativen nimme moatte. Dêr kamen sa'n 60 minsken op de aksje ôf.

Chantal de Vries mei har dochter - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Voedselbanken

In soad restaurants bringe it iten nei de Voedselbank ta. De Voedselbank yn Ljouwert is dêr tige wiis mei. "Inkelde restaurants witte ús al te finen, en dy bringe it iten wat sy no net kwyt kinne nei ús ta", sa seit Geale de Haan fan Voedselbank Leeuwarden. Hy fynt it moai dat restaurants sels mei inisjativen komme, mar fynt it better om it iten nei de Voedselbank te bringen. "Wy hawwe hjir echt wol plan foar om it by ús klanten te bringen, en dan witte wy seker dat it by de goeie minsken telâne komt."

Van Uffelen fertrout der op dat minsken der gjin misbrûk fan meitsje. "De sfeer is goed. Mensen vinden het een leuk initiatief, ze hebben het ook wel gezellig volgens mij en ik denk dat je het ook zo moet hebben. Je moet elkaar een beetje helpen in goede tijden, maar ook in slechte tijden", seit Van Uffelen.

It restaurant bliuwt krekt as de oare horekagelegenheden yn alle gefallen de kommende trije wiken ticht.

(advertinsje)
(advertinsje)