Coronakrisis hat grutte gefolgen foar it Fryske bedriuwslibben

16 mrt 2020 - 16:59

It coronafirus hat oer in breed front gefolgen foar it Fryske bedriuwslibben. Op ferskate plakken giet it striemin. Mar der binne ek sektoaren dêr't it noch wol tafalt. Dat docht bliken út in ynventarisaasje moandei fan Omrop Fryslân.

Gruthannel Sligro yn Ljouwert - Foto: Google Street View

De grutste gefolgen binne der fansels foar alle bedriuwen dy't streekrjocht rekke wurde troch de maatregels fan it regear om fersprieding fan it firus tsjin te gean. De hoareka leit yn elts gefal oant 6 april folslein stil. Wurknimmers, foaral flekskrêften, wurde nei hûs ta stjoerd en moatte mar ôfwachtsje wannear't der wer wurk is. Datselde jildt foar eveneminten en teäters. Alle foarstellings, eveneminten en beurzen binne ôfsein.

Gruthannel

Foar gruthannel Sligro betsjut dit dat de oanlevering yn dizze sektoaren sa goed as stilleit, seit wurdfierder Wilco Jansen. Oanlevering oan oare sektoaren lykas sikehûzen, fersoargingshûzen en supermerken giet noch gewoan troch. It rekreaasjeseizoen is noch net echt úteinset. Dat komt letter pas. Sligro is al in pear wiken dwaande om him ta te rieden op dizze situaasje. By it bedriuw wurkje in soad opropkrêften. De measten dêrfan wurde op dit stuit net ynhierd. Foar de fêste krêften hat it noch gjin gefolgen. Mar as de situaasje ek nei seis april oanhâldt kin dat letter wol nedich wêze.

Loftfeart

Ek yn de reisbrânsj giet it striemin. Reizen wurde der net boekt en KLM/AirFrance hâldt hast alle tastellen oan de grûn, sa makken de loftfeartmaatskippijen moandei bekend. Foar wurknimmers wurdt ûntslach of wurktiidferkoarting oanfrege. Moandei waard ek bekend dat al 20.000 bedriuwen mei 300.000 wurknimmers fan dizze regeling gebrûk meitsje wolle.

Plantesektor

Yn de plante- en sierteelt sektor komt de krisis hurd oan, seit Nina Boonstra, direkteur fan de Noordelijke Onwikkelings Maatschappij (NOM). De eksport en hannel leit foar in grut part stil. Dat is in grutte strop omdat dizze produkten foar in grut part net hâldber binne. Ek bedriuwen dy't ûnderdielen nedich hawwe út Sina rinne fêst omdat de ynfier dêrfan foar in part stilleit. Datselde jildt foar de rekreaasjesektor wêr't in grut part fan de fasiliteiten ticht is of gjin klanten lûkt.

Lânbou

Foar bouboeren binne de gefolgen op dit stuit noch net grut, seit Tineke de Vries, foarsitter fan LTO Noard yn dizze sektor. De measte produkten binne al fuort en it nije seizoen moat noch begjinne. Hannelshuzen hawwe wol problemen omdat de prizen fan de grûnstofprodukten lykas sûker, weet en ferskate oare produkten ûnderút geane troch de panyk op de beurzen.

Philips yn Drachten - Foto: Google Street View

Philips

By Philips falt de skea oant no ta ta, fertelt wurdfierder Steve Klink. Minsken fan de stêf en op kantoar wurkje sa folle mooglik thús. Mar de produksje draait troch, bygelyks yn Drachten. Wol wurde der ekstra maatregels naam om útfal tsjin te gean, lykas as mear oandacht foar hygiëne, en ôfstân hâlde op it wurkplak. Minsken dy't lichte klachten ha wurdt frege om thús te bliuwen. De oanlevering fan ûnderdielen út Sina rint noch goed. Philips hat dêr seis eigen fabriken dy't komponinten meitsje. De produksje fan medyske apparatuer is opskaald om oan de fraach te foldwaan. Mar dy produksje fynt net yn Fryslân plak.

Bou

Yn de bou binne de gefolgen ek noch net sa grut, seit Jetse Lont fan boubedriuw Lont. De bouprojekten gean gewoan troch. En ek by de oanfier fan boumaterialen binne der noch gjin problemen. Wol wurdt der neitocht oer eventuele gefolgen by de service en renovaasje yn besteande projekten dêr't wurknimmers by de klanten nei binnen moatte. Dêr fynt oerlis oer plak mei de opdrachtjouwers, lykas wenningboukoöperaasjes. De kommende dagen sil hjir mear oer dúdlik wurde.

Túnbou

By túnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum wurdt njonken de ekstra oandacht foar hygiëne ek gewoan troch wurke. "Wy nimme it fansels wol hiel serieus", seit Meinte Meinsma, foarsitter fan it managementteam. "Wy litte gjin besikers fan bûten ta en wurkje yn ploegen sadat we by sykte net eltsenien nei hûs stjoere moatte. Mar fierder giet alles troch." Op dit stuit is it bedriuw folop dwaande mei de risping fan komkommers.

Hartman yn Seisbierrum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oare sektoaren

Hotels hawwe te krijen mei folle minder boekings as gewoanwei. Iten wurdt de minsken op de keamers brocht omdat de restaurants ticht binne.

Yn de útfeartbrânsj is fan oerheidswege besletten dat der by in begraffenis net mear as 30 minsken oanwêzich wêze meie. In neisit is ek net mooglik en der wurdt gjin kofje servearre.

De bungalowparken yn Fryslân binne oant no ta foar it grutste part iepen. Mar de fasiliteiten op de parken en de restaurants binne ticht. Neffens in wurknimmer fan RCN komme der noch wol boekingen binnen no't minsken frij binne. Mar der binne ek genôch boekings dy't ôfsein wurde omdat minsken net mear doare.

(advertinsje)
(advertinsje)