Earste coronapasjint ferstoarn yn Fryslân
De coronapasjint dy't snein op de intensive care fan it MCL yn Ljouwert opnaam wie, is sneintenacht ferstoarn. Dat hat de GGD moandei bekendmakke. It giet om in man fan yn de 80 út de gemeente Ljouwert. Hy hie al langer in swakke sûnens. It giet om it earste deadlike coronaslachtoffer yn Fryslân.