Ynbrekkers stelle joints út coffeeshop yn Ljouwert

16 mrt 2020 - 15:52

Yn in coffeeshop oan De Tunen yn Ljouwert is sneintenacht ynbrutsen. De ynbrekkers hiene it foarsjoen op de foardraaide joints.

Foto: Anton Kappers

De dieders kamen binnen troch in rút te fernielen. Op datselde rút stie in briefke dêr't op te lêzen wie dat de coffeeshop fanwege it coronafirus sletten is.

It kabinet kundige snein oan de ein fan de middei oan dat alle hoareka, en dus ek coffeeshops, om 18.00 oere de doarren slute moasten fanwege it coronafirus. Dêrtroch ûntstiene der krekt foar dy slutingstiid lange wachtrigen mei minsken dy't dochs noch wat ynslaan woene.

Oft dy sluting ek de oanlieding west hat foar de ynbraak yn Ljouwert is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)