HEA! Blombakken folje yn Spannum
It wie sa'n moai plan: it doarp Spannum opkreazje yn it ramt fan NL Doet. Oant de corona de boel yn de bulten jage. En wat dogge je dan mei al dy planten dy't al kocht binne? In lyts ploechje bestjoersleden stuts sneon dochs mar de hannen út de mouwen.