Skeppe kin de grûn yn by werynrjochtingsplan Feanwâlden

16 mrt 2020 - 13:56

Yn april kin de skeppe de grûn yn foar de werynrjochting fan Feanwâlden. Oannimmersbedriuw De Samenwerking út Elsloo hat fan de gemeente Dantumadiel definityf de opdracht krigen om it grûnwurk út te fieren.

It stasjon fan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn it werynrjochtingsplan wurdt it gebiet om it stasjon en de âlde rûnwei hinne oanpakt. De oannimmer begjint yn april mei it wurk. Yn de rin fan dit jier sil in ekstra sneltrein fan Grins nei Ljouwert in stop meitsje yn Feanwâlden. It stasjonsgebiet moat dan klear wêze. Ek komt der ekstra parkearromte foar sawol auto's as fytsen.

Trefwurden: 
Feanwâlden
(advertinsje)
(advertinsje)