Twadde coronapasjint opnaam yn sikehûs Nij Smellinghe

Yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is sneintemiddei in twadde pasjint mei it coronafirus opnaam. De pasjint leit yn strikte isolaasje en it sikehûs nimt alle mooglike maatregels om besmetting foar oare pasjinten, besikers en meiwurkers foar te kommen. Dat meldt it sikehûs op har eigen webside.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Op 10 maart waard de earste coronapasjint yn sikehûs Nij Smellinghe opnaam.