Advokaat Canoy oer sluten rjochtbanken: "Goed kijken hoe we met gedetineerden omgaan"

16 mrt 2020 - 12:34

De rjochtbanken en gerjochtshôven gean fan tiisdei ôf ek ticht fanwege it coronavirus. Driuwende saken geane wol troch, as it net wachtsje kin op in beslissing fan in rjochter. De Nederlânske ferienings fan strafrjochtadvokaten hiene oantrune op in sluting. Neffens Bart Canoy hat dit grutte gefolgen foar fertochten dy't op dit stuit yn de finzenis sitte.

Advokaat Bart Canoy leit út wat it gefolch is. "Heel veel zittingen zullen uitvallen. Er wordt ook per zaak gekeken hoe we dat aanpakken. Alleen de zittingen die echt moeten doorgaan, gaan waarschijnlijk door, maar we weten nog niet in welk jasje."

Sittingen dy't nei alle gedachten wol trochgean, betreffe saken wêrby't minsken op dit stuit fêst sitte yn de finzenis. Canoy: "Voor dit soort zaken moet de rechter beslissen of deze verdachten langer vast mogen worden gehouden. Die zittingen kun je niet uitstellen. Die beslissingen moeten genomen worden."

Canoy kriget in soad telefoantsjes fan fertochten dy't op dit stuit fêst sitte. "Dit heeft grote gevolgen voor deze mensen. Veel van deze verdachten krijgen niet veel informatie binnen in de gevangenis. Er moet echt goed gekeken worden hoe je met gedetineerden omgaat in deze situatie."

Ek foar de rjochtbanken hat it útstellen fan sittingen grutte gefolgen, foarseit Canoy. "Het is bekend dat er in Nederland weinig zittingscapaciteit is. Dat zal alleen maar erger worden."

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Advokaat Bart Canoy

(advertinsje)
(advertinsje)