Trije nije koronapasjinten yn Fryslân - yn totaal no 14 besmettingen

16 mrt 2020 - 11:51

It oantal coronabesmettingen yn Fryslân is oprûn oant fjirtjin. Dat hat de GGD Fryslân moandeitemoarn bekend makke. Der binne trije coronapasjinten bykaam. It giet om in man út de gemeente Ljouwert (80+), in man út de gemeente Tytsjerksteradiel (70+) en in frou út de gemeente Harns (40+).

Foto: Omrop Fryslân

De man út de gemeente Ljouwert en de man út de gemeente Tytsjerksteradiel lizze beide yn it sikehûs. Fan de Ljouwerter pasjint binne de klachten tige earnstich, seit Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân: "Deze groei van het aantal patiënten en de ernst van de klachten past in het beeld zoals we dat tot nu toe zien. Bij acht van de tien besmettingen zijn er milde klachten, bij de andere twee zijn er heftigere klachten."

Lanlik sjoen nimt it tal jongere pasjinten dat yn it sikehûs belânet ta. Ek dat is net alhiel ferûntrêstend, fynt De Graaf. "Hoe groter het aantal mensen dat besmet is, hoe groter de kans dat er ook mensen jonger dan vijftig jaar in het ziekenhuis belanden."

Op de fraach oft der yntusken ek pasjinten fan bûten de provinsje yn de Fryske sikehûzen lizze, koe De Graaf gjin antwurd jaan. "Ik heb nog geen berichten dat het storm zou lopen met patiënten uit de overige provincies. Ziekenhuizen maken hier zelf afspraken over. Ook in het noorden stemmen ziekenhuizen met elkaar af om operaties uit te stellen om capaciteit vrij te maken voor als dat nodig is."

Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân

15 Fryske pasjinten

Op dit stuit is by 15 Friezen it coronafirus konstatearre. It giet om in man en frou fan De Gordyk (yn de 50); in man fan Drachten (78) en syn frou; in Ljouwerter (32); in man fan Snits (yn de 40); in man fan Terkaple (47); in man fan Balk (yn de 40); in meiwurker fan sikehûs Tjongerskâns út De Jouwer; in frou út Boarnburgum (yn de 20); in man út de gemeente De Fryske Marren (yn de 40); in persoan op de intensive care yn it Ljouwerter sikehûs MCL, in man út de gemeente Ljouwert (80+), in man út de gemeente Tytsjerksteradiel (70+) en in frou út de gemeente Harns (40+).

Trefwurden: 
GGD coronafirus COVID 19
(advertinsje)
(advertinsje)