Grut gaslek yn berm N351

14 nov 2011 - 20:33

De N351 tusken Wolvegea en Easterwâlde is troch in grut gaslek foar in part ôfsletten. It lek is nei alle gedachten spontaan ûntstien yn de berm oan de Bovenwei. Ferkear wurdt omlaat oer Makkingea en de Prikkedaam.

De plysje ferwachtet dat it wol oant tolve oere moandeitenacht duorje kin foar't it lek tichtmakke is.

Trefwurden: 
gaslek N351
(advertinsje)