Ferkear moat rekken hâlde mei wurk oan brêge by Koarnwertersân

16 mrt 2020 - 07:34

Rykswettersteat wurket fan moandei oant en mei tongersdei oan ûnderhâldswurk oan de brêge by Koarnwertersân. Ferkear op de dyk en op it wetter moat rekken hâlde mei it ûnderhâldswurk. Sylvia de Bres is fan Rykswettersteat: "We werken in blokken, zodat er zo weinig mogelijk overlast is."

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

It ûnderhâldswurk oan de brêge is nedich om der foar te soargjen dat de kuollingsynstallaasjes it kommende simmer goed dogge. "We gaan de sproei-installatie schoonmaken en het wegdek ontdoen van algen", fertelt De Bres. Om der foar te soargjen dat de slûzen goed iepen en ticht gean, sitte der sproei-ynstallaasjes yn de dyk, dy't de slûzen kuolje moatte mei hyt waar. Foarige wike wie de brêge by Den Oever al oan de beurt.

Om sa min mooglik oerlêst te feroarsaakjen, kiest Rykswettersteat der foar om it wurk yn blokken te dwaan. "We werken in blokken van twee uur, namelijk van 09.00 tot 11.00 uur en van 13.00 tot 15.00 uur. Tijdens de werkzaamheden is het scheepsverkeer volledig gestremd. Verkeer op de weg moet over één rijbaan rijden", leit De Bres út.

It wurk duorret oant en mei tongersdei. Fan freed ôf is alles wer gewoan.

Sylvia de Bres fan Rykswettersteat

Lês alles oer it wurk oan de slûzen by Koarnwertersân op de webside fan Rykswettersteat.

(advertinsje)
(advertinsje)