Frachtweinsjauffeur oer 100 km: "Dit makket it ferkear in stik feiliger"

16 mrt 2020 - 07:04

Frachtweinsjauffeur Johannes Ritsma fan Surhústerfean ferwachtet dat de diken in stik feiliger wurde sille, no't elkenien noch mar 100 kilometer yn 'e oere ride mei. "Krijst in folle rêstiger ferkearsbyld om't de snelheidsferskillen folle lytser binne. Dit is echt in goeie maatregel."

Gjin 130 mear op de sneldiken - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Johannes Ritsma fan Surhusterfean waard twa jier lyn útroppen ta feilichste frachtweinsjauffeur fan Nederlân. Hy rydt benammen nachts mei pakketsjes dy't er nei distribúsjesintra bringt en hat dus net in soad lêst fan de nije snelheidsmaatregel. Dochs is er tige te sprekken oer it oanpassen fan de snelheid. "Omdat frachtweinen en auto's no like hurd ride, krijst dat minsken net mear sa folle hoege te remjen. Dat is echt in pluspunt."

Kontrolearje

Ritsma sjocht dat minsken harren oant no ta oan de oanpaste snelheid hâlde. "De measte automobilisten ride no kreas hûndert. Fansels moatte wy der efkes oan wenne, mar as der aanst ek echt kontrolearre wurdt, dan silst sjen dat elkenien it docht."

Frachtweinsjauffeur Johannes Ritsma

Alle buorden mei dêrop de nije maksimumsnelheid stean yntusken lâns de kant fan de dyk, meldt Rykswettersteat.

(advertinsje)
(advertinsje)