Coronanijs moandei 16 maart: Skoallen bliuwe ticht, 4 nije besmettingen derby

16 mrt 2020 - 21:15

Yn ús provinsje binne oant no ta 15 besmettingen mei it coronafirus fêststeld. Alle skoallen binne mei yngong fan moandei ticht. Ek de doarren fan hoareka geane foarearst net iepen en de sport leit stil. De nije maatregels fan it kabinet jilde oant en mei 6 april.

  • Klik hjir foar de kaart mei alle fêststelde besmettingen yn Fryslân. De oare gefallen yn Nederlân binne op dizze kaart te sjen.
  • By 15 Friezen is it firus konstatearre: in man en frou fan De Gordyk (yn de 50); in man fan Drachten (78) en syn frou; in Ljouwerter (32); in man fan Snits (yn de 40); in man fan Terkaple (47); in man fan Balk (yn de 40); in meiwurker fan sikehûs Tjongerskâns út De Jouwer; in frou út Boarnburgum (yn de 20); in man út de gemeente De Fryske Marren (yn de 40); in persoan op de intensive care yn it Ljouwerter sikehûs MCL; in man (70+) út de gemeente Tytsjerksteradiel, in frou (40+) út de gemeente Harns en in learlinge fan gymnasium Beyers Naudé.
  • Ien pasjint is stoarn
  • Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

Dit liveblog kun je ook in het Nederlands volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan moandei 16 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op ús webside, www.omropfryslan.nl, en op ús mobile app. Tank foar it folgjen.

22:37
Ek húsdokters yn Koudum/Wikel sykje mûlekapkes
Foto: Apotheekhoudende Huisartsenpraktijk Koudum/Wijckel
22:26
Harnzer ûndernimmers slút út foarsoarch winkels

Undernimmer Jellie Tichelaar slút har twa winkels yn Harns út foarsoarch om it coronafirus. "Ik hoopje dat ik ferkeard sit, dat ik it te serieus nim. Mar ik nim leaver it wisse foar it ûnwisse. Net allinnich foar mysels, mar ek de minsken dy't by my wurkje en yn de winkel komme."

21:37
Skoalkoepel stelt thúswurkpakket op

Guon skoallen fan koepel Proloog yn Ljouwert hawwe thúswurkpaketten makke foar de bern dy't no thús sitte fanwegen it coronafirus. It giet ûnder oare om IKC Het Palet en IKC De Wielen. Foar elke groep is in passend pakket gearstald om de kommende tiid troch te kommen, sawol skriftlik as digitaal.

Om de besmettingsrisiko's sa lyts mooglik te hâlden, hat de skoalle yn ophelroaster opsteld. Learkrêften sille mei de pakketten op it skoalplein stean. Alden wurdt frege om mar mei ien persoan de famylje te kommen en dêrby de rjochtlinen fan it RIVM oan te hâlden.

21:29
Ljouwerter húsdokter freget om mûlekapkes

De húsdokter yn de Ljouwerter wyk Bilgaard freget minsken dy't thús mûlekapkes lizzen hawwe oft se dy nei de praktyk bringe wolle. De praktyk skriuwt yn in mail oan syn pasjinten dat se dêr te min fan hawwe. Neffens de praktyk hat it foar minsken bûten de soarch net in soad doel om in mûlekapke te dragen.

It kin dan gean om stof- of sirurgyske maskers, it leafst de stik ferpakt. Op dy maskers moat de koade FFP1, FFP2 of FFP3 stean. By de yngong fan de praktyk sil in doaze stean dêr't minsken de mûlekapkes yn dwaan kinne.

21:22
Wat is 'groepsimmuniteit'?

Premier Rutte sei moandeitejûn dat it by de bestriding fan it nije coronafirus wichtich is dat der yn Nederlân kontrolearre 'groepsimmuniteit' opboud wurdt. Mar wat betsjut dat krekt? Rutte lei út dat in grut part fan de Nederlânske befolking mei it firus besmet reitsje sil. De measte minsken krije allinnich lichte klachten.

As ien it firus hân hat, is dy persoan dêrnei meastal ymmún. Uteinlik reitsje hieltyd mear minsken ymmún, wêrtroch't de kâns lytser wurdt dat it firus oerspringt op âlderen en minsken mei in kwetsbere sûnens. "Met groepsimmuniteit bouw je als het ware een beschermende muur om hen heen", lei Rutte út.

It kin lykwols wol moannen of langer duorje om sa'n groepsimmuniteit op te bouwen. Dêorm moat fuortendaalks al it kontakt tusken minsken flink beheind wurde, sadat it firus him minder snel ferspriedt.

20:55
VVD Fryslân wol ûndernimers helpe

VVD Fryslân wol Fryske ûndernimmers dy't ekonomysk rekke wurde troch de coronamaatregels stypje troch te soargjen foar útstel fan harren lesten. Om't de ûndernimmers minder of gjin ynkomsten hawwe, komme se yn 'e problemen. Neffens de VVD-fraksje soe it bot helpe as ûndernimmers út de gemeente en de Belastingdienst wei útstel fan betelling krije fan guon belestingen.

20:01
Supermerk Plus yn Balk wol ûndernimmers út de buert helpe

Plus yn Balk wol ûndernimmers út de buert graach helpe. Dat skriuwt de supermerk op Facebook. Hoarekabedriuwen dy't harren foarrieden op dit stuit net kwyt kinne, meie yn de winkel harren guod ferkeapje. Ek wol Plus meiwurkers fan lokale bedriuwen dy't no net oan de slach kinne, ynhiere.

19:11
Premier Rutte: 'Grut part fan de Nederlanners sil coronafirus oprinne'

It coronafirus is ûnder ús en in soad minsken yn Nederlân sille it firus oprinne. Dat sei premier Mark Rutte niiskrekt yn in live taspraak op telefyzje. Neffens him sitte wy yn in achtbaan dy't hieltyd hurder riden giet.

Trefwurden: 
coronafirus COVID19
(advertinsje)
(advertinsje)