Hoareka-ûndernimmers hoopje op stipe: "As alles omfalt, wurdt it in rotsoaitsje"

"Ferskriklik", sa omskriuwt hoareka-ûndernimmer Luberto Agricola de drege dei foar de hoareka. Sy krigen snein te hearren dat de doarren direkt ticht moatte. "Dit ha we noch noait meimakke. Ik ha trije hoarekasaken, dêr wurkje sawat 200 minsken. Foar de fêste minsken moatte we no in ww-útkearing oanfreegje."
Hoareka-ûndernimmers hoopje op stipe:
Hoareka-ûndernimmers
It betsjut net dat Agricola de maatregels fan it kabinet net begrypt. "It bedriuw leit stil, mar dat snappe we. De minsken bleaune mar nei ús restaurants ta kommen. Dus we snappe dat je dan ophâlde moatte."
Geert Bosman is, krekt as Agricola, hoareka-ûndernimmer op It Hearrenfean. "It alderbelangrykste is dat it UWV docht wat se sizze", seit er. "Se moatte sa gau as mooglik de arbeidstiidferkoarting útkeare. Oars krije minsken echt problemen. Banken moatte de ôflossingen útstelle. En ferromje de likwiditeit fan de bedriuwen. Oars rinne alle bedriuwen fêst."
As it te lang duorret foardat der wat bart, falle ek de lytsere ûndernimmers om, foarseit Agricola. En dat soe neffens Bosman rampsalich wêze: "De kosten geane gewoan troch. Miskien dat de provinsje in fûns opsette kin, wêrby't se de ûndernimmers troch it slimste hinne helje kinne. Want wy ha dy ûndernimmers aanst wer nedich. 'Wederopbouw' klinkt wat dramatysk. mar as we wer los kinne, dan moatte de minsken ek wer oan it wurk. As alles omfalt, wurdt it ek in rotsoaitsje."
De foarsitter fan de Feanster ôfdieling fan de Koninlijke Horeca Nederland seit dat de hoareka al it iten sammelet. Dat bringe se nei soarchynstellingen en foedselbanken. "Een geweldig initiatief", seit boargemaster Tjeerd van der Zwan. "Zo kijken we in Heerenveen naar elkaar om."
Dat de saken ticht moatte, is pynlik, mar logysk, seit Bosman ta beslút. "Sjoch nei wat der gebeurt yn de lannen om ús hinne. Dan kinne we ús eagen wol slute, mar it is dramatysk. Ik hoopje dat wy it yn 'e kym smoare kinne. Ik hoopje dat it bliuwt by tolve pasjinten yn Fryslân."
Folgje dizze snein it nijs oer it coronafirus wer yn ús liveblog. En sjoch foar al ús berjochtjouwing oer it firus op de dossierside.