Nije stichting Iepenloftspul Nijewier bringt stik oer kleaster Sion

Yn it doarp Nijewier is in nije stichting foar iepenloftspullen oprjochte. De Stichting Iepenloftspul Nijewier wol takom jier in earste stik bringe, oer it eardere frouljuskleaster Sion, dat by it doarp stie.
In part fan it bestjoer fan Stichting Iepenloftspul Nijewier © Peters Foto Nieuws
De nije stichting sil earst op syk nei jild. "Openluchtproducties zijn tegenwoordig van hoog niveau en daar gaat veel geld mee gemoeid", skriuwt de stichting. En se tinke grut, dus mei ludike aksjes en fûnsen wolle se oan jild sjen te kommen.
It earste iepenloftspul yn Nijewier wurdt skreaun troch Baukje van Hijum en is op 15, 17 en 18 septimber te sjen.