De sport yn Fryslân leit stil, want "de sûnens is belangriker"

15 mrt 2020 - 20:21

De gefolgen fan it coronafirus binne ek grut foar de sport. Epke Zonderland is juster weromkaam út Bakoe, olympyske sporters kinne net mear traine en de iishockeyers binne ynienen klear.

In oersjoch fan de gefolgen.

It iennige lûd by it Abe Lenstra Stadion en Thialf is dat fan in wapperjende flach. Fierder is it stil. Nei binnen meie we net. Der leit noch in bytsje iis yn Thialf, mar der komt gjin sporter mear op. Beert Boomsma, de iismaster, hat de iismasines útset. "De iisflier yn de iishockeyhal is al opromme. We binne noch dwaande mei de 400-meterbaan. Hiel spannend is dat allegear net hear. We litte it natuerlik ûntteie, der sit drainaazje ûnder en it wetter wurdt fuortpompt."

It iis wurdt in pear wiken earder as normaal fuorthelle. It seizoen foar de langebaanriders is al klear, it WK shorttrack yn Súd-Koreä wie earder al ôfsein en de shorttrackers binne dit wykein ophâlden mei trainen.

Flyers

De iishockeyers fan de Flyers binne ek ynienen klear. Se soene noch in heale finale fan de BeNe-League spylje tsjin Nijmegen. En dan mooglik noch in finale. Mar dat sit der no net mear yn. "It is allegear hiel spitich, mar de sûnens is belangriker as de sport", seit Flyers-foarsitter Henk Hoekstra. "We hiene in geweldich seizoen, binne Nederlânsk kampioen wurden foar 3.000 taskôgers en we hiene it graach moai ôfslute wollen."

Njonken de sportive konsekwinsjes hat it fierder ek finansjeel gefolgen. "We hiene ien heale finale yn de begrutting meinaam. De resette dêrfan rinne we no mis. Je witte noait krekt hoefolle oft dat is, mar toch sa tusken de 15.000 en 20.000 euro." En dan hat Hoekstra it allinnich noch mar oer de ynkomsten dy't begrutte binne en net oer de ynkomsten dy't Flyers ekstra pakt hie by it heljen fan de finale.

Hollandse 100

Snein soe ek de Hollandse 100 organisearre wurde, in fytstocht fan 90 kilometer en 10 kilometer reedriden om jild op te heljen foar ûndersyk nei lymfeklierkanker foar de stifting Lymph&Co. Der soene mear as 500 fytsers meidwaan, ûnder wa Auke Bangma fan Aldeboarn. Hy fytst foar syn heit. "Hy is 72 jier wurden, dus dit doch ik foar him", seit Bangma, wylst er mei de finger nei de himel wiist.

It wie wol swier, foaral mei de wyn tsjin.

Auke Bangma fytste 90 kilometer

Hy hat krekt 93 kilometer op de fyts ôflein as hy oankomt by Thialf. "It wie wol swier, foaral mei de wyn tsjin. Mar ik bin bliid dat ik it dochs dien ha. Ik kaam ûnderweis in pear oare fytsers tsjin."

Sportstêd Hearrenfean en CTO Noard

Ek Sportstêd Hearrenfean is ticht. Allinnich de olympyske sporters mochten snein noch traine, mar yn 'e middei makke NOC*NSF bekend dat ek de olympyske sporters it trainen stilsette moatte. Evert Jorritsma is fan it Centrum foar Topsport en Onderwijs: "Wy folgje it advys fan NOC*NSF. We sille alle organisaasjes advisearre harren trainingsfasiliteiten te sluten en der gjin gebrûk fan te meitsjen."

It reedriden, shorttrack en judo lei al stil. It swimmen en turnjen komt dêr no by. Dat betsjut dat sporters as Epke Zonderland en Sanne Wevers no op syn minst mear as twa wiken net traine kinne.

Swimmen

Yn Drachten wiene de bêste swimmers fan Nederlân byinoar kaam, ûnder wa Ranomi Kromowidjojo, Ferry Weertman en Femke Heemskerk. Sy traine gewoanwei yn Eindhoven of Amsterdam, mar sa'n 16 topswimmers soene no swimme yn swimbad De Welle en oernachtsje yn it Karmelkleaster. Alle sporters gean no werom nei hûs.

Technysk direkteur fan it swimbûn is Andre Cats. "De topsport komt nu echt even helemaal tot stilstand", seit de âld-ynwenner fan Frjentsjer. "We gaan ons nu allemaal richten op onze gezondheid, onze gezinnen en omgeving. De zwemmers reageerden verslagen en verdrietig, ze worden nu heel hard geconfronteerd met het feit dat hun zwemseizoen en droom op een goede voorbereiding op de Olympische Spelen in rook opgaan. Maar ze zijn ook begripvol."

Sportklup Hearrenfean

Ek it Abe Lenstra giet ticht. Dit wykein waard der net traind. De seleksje fan it earste alvetal soe moandei wer traine en de kommende twa wiken oefenwedstriden spylje tsjin Go Ahead Eagles en Volendam, mar dy gean no net troch. It stadion is oant en mei 6 april ticht.

Het zijn dagkoersen en het kan elk moment weer veranderen.

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean

Technysk manager Gerry Hamstra: "Het zijn dagkoersen en het kan elk moment weer veranderen. Vooralsnog hebben wij besloten tot en met zondag niet met de groep te trainen." Dat betsjut dat it personiel net nei it stadion komt oant en mei 6 april, de seleksje oant en mei snein net traint en de oefenwedstriden dus net trochgean. "Maandag komen we weer bij elkaar en kijken we weer verder. De kans is natuurlijk groot dat we tot en met 6 april niks doen, maar voor nu hebben we besloten tot zondag niet bij elkaar te komen."

SC Hearrenfean hat ek te krijen mei in soad bûtenlânske spilers. De bûtenlanners yn de earste seleksje meie net werom nei harren eigen lân. "Bij jeugdspelers ligt dat anders. Die mogen van ons terug naar hun ouders of familie."

SC Cambuur

De seleksje fan SC Cambuur soe moandei gewoan traine, mar dêr sjogge se dochs fanôf. Sportkoepel NOC*NSF rôp earder op snein al op om trainingssintra te sluten en dat wolle it kabinet en de KNVB no ek. Cambuur folget it advys fan de KNVB. Oant wannear de seleksje net traint, is noch net dúdlik. "Tot nader order geen groepstraining", lit algemien direkteur Ard de Graaf fan SC Cambuur witte.

LDODK

LDODK hat ôfrûne tongersdei foar it lêst byinoar west yn sporthal Koartsweagen. Dêr is yn oerlis mei de seleksje besletten net mear yn de hal te trainen mei-inoar. Yn ôfwachting fan mear nijs oer de ûntwikkelingen fan de 'coronasituaasje' is elkenien sels ferantwurdlik foar it fit bliuwen.

Omdat snein bekend waard dat de perioade fan thúsbliuwen ferlinge is mei in wike (fan 31 maart nei 6 april) is it net dúdlik hoe't de Kuorbal League ôfmakke wurde kin. De finale yn Ahoy (4 april) sil ferfalle, en it is de fraach oft en wêr't der überhaupt in finale komt. Op it stuit binne der ferskate senario's mooglik.

De KNKV en alle oare sportbûnen binne drok oan it puzeljen hoe't de ferskate kompetysjes eventueel noch ôfwurke wurde kinne. Oant dy tiid sit Henk-Jan Mulder mei LDODK yn de wachtkeamer oant der mear nijs is. De sintrale trainingen lizze stil.

Aris

De basketbalkompetysje leit ek stil. De kompetysje is útsteld oant 2 maaie. Dat betsjut foar Aris dat de bekerfinale foarearst net trochgiet. Aris stiet foar it earst yn de histoarje yn dy bekerfinale. Dy soe snein 29 maart spile wurde yn Martiniplaza tsjin Donar yn Grins, mar dat giet foarearst dus net troch. "Dat is verschrikkelijk balen", seit Sierd Dijkman fan Aris. "Maar we hebben na een vergadering van zaterdag besloten even niks hierover te zeggen."

De twa Amerikaanske basketballers fan Aris binne no noch altyd yn Ljouwert. Dijkman wol fierder neat kwyt oer de finansjele en sportive gefolgen.

Inline-skaten

Sneintemiddei wiene der noch wol 17 inlineskaters oan it trainen op It Hearrenfean. Wêrfoar is noch mar de fraach. Twivel wie der dan ek: wol of net traine? Benammen by Valentina Berga. Se komt út Noard-Italië. "Ik was twee weken geleden nog bij mijn familie. De beleving is daar al heel anders. Ik had hier eigenlijk nu niet willen staan, maar ik snap ook wel dat die jonge sporters graag willen trainen. Maar de gezondheid is belangrijker. Morgen staan we hier niet meer."

Sport is ook belangrijk, maar er zijn wel belangrijkere zaken.

Valentina Berga

Efkes letter waard ek bekend dat der hielendal net mear traind wurde mei. "In Italië zie ik collega-skeeleraars acties organiseren op Instagram. Ze zeggen: ik blijf thuis", giet Berga, troud mei reedrider Ingmar Berga, fierder. "Daar moeten mensen beslissen wie ze wel helpen en wie er doodgaan. Hier hebben we het over trainen of niet. Sport is ook belangrijk, maar er zijn wel belangrijkere zaken."

Trefwurden: 
sport coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)