Hoareka direkt ticht: "Forse schade, maar de gezondheid gaat boven alles"

En doe wie it 18.00 oere en moasten alle hoarekagelegenheden yn hiel Nederlân ticht. It nijs kaam in healoerke dêrfoar, by in parsekonferinsje fan it kabinet. Ministers Slob en Bruins presintearren nije maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus: "Alle eet- en drinkgelegenheden gaan dicht vanaf zondag 15 maart 18.00 uur tot en met maandag 6 april."
It wie rap hanneljen foar de minsken fan Fire Café en De Toeter yn Ljouwert:
Hoareka samar ticht
En by kafee Scamele hiene se it graach earder witte wollen:
FIDEO: Hoareka samar ticht 2
Folgje dizze snein it nijs oer it coronafirus wer yn ús liveblog. En sjoch foar al ús berjochtjouwing oer it firus op de dossierside.