Coronapasjint op intensive care yn Ljouwerter sikehûs MCL

15 mrt 2020 - 22:01

It Ljouwerter sikehûs MCL hat in pasjint mei it coronafirus op de intensive care. Dy pasjint leit oan de beäzeming. Dat fertelt Gerard Akkerman fan it MCL. It is de earste pasjint dy't posityf test op it firus yn it MCL.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân:

Yn totaal wiene der njoggen minsken fertocht fan it firus. Alle oare minsken waarden negatyf test, útsein dizze persoan dus.

"We zijn er goed op voorbereid", seit Akkerman. "We hebben een afdeling klaarstaan. Op de intensive care hebben we op dit moment voldoende capaciteit voor de beademing. Dus wij zijn er wel klaar voor. Maar het is toch weer een stap verder."

Maskers nei Rotterdam

Der is noch gjin sprake fan oerpleatsing fan pasjinten út suden nei de Fryske sikehûzen ta. "Dat is nog niet aan de orde. Maar met name in Rotterdam en Dordrecht hebben ze te weinig maskertjes. Wij zitten iets ruimer in het materiaal. Dus er gaan 500 maskertjes naar Rotterdam, zodat we onze collega's daar kunnen helpen."

Gerard Akkerman fan it MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It tal fêststelde coronapasjinten yn Fryslân leit no op tolve. It werklike tal pasjinten leit nei alle gedachten heger, omdat net elkenien mei symptomen mear test wurdt op it firus.

(advertinsje)
(advertinsje)