OERSJOCH: Mear maatregels tsjin de fersprieding fan it coronafirus

15 mrt 2020 - 22:03

Alle skoallen en berne-opfangsintra yn Nederlân bliuwe moandei ticht. En de hoareka moat de doarren ticht hâlde. Dat binne nije maatregels fan it kabinet yn de striid tsjin it coronafirus. Foar bern fan âlders mei 'fitale' beroppen, lykas de soarch en helptsjinsten, wurdt opfang regele. Dan kinne sy oan it wurk bliuwe. De maatregels bliuwe fan krêft oant 6 april.

De parsekonferinsje fan de ministers:

De nije maatregels fan it kabinet:

  • Skoallen en bernedeiferbliuwen geane ticht fan moandei 16 maart oant en mei moandei 6 april. It giet om skoallen yn it basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis en it mbû.
  • Foar bern fan âlders yn 'fitale' beroppen is der wol opfang yn skoallen en bernedeiferbliuwen. Dêrby giet it ûnder oare om beroppen yn de soarch, by de plysje, yn it iepenbier ferfier en by de brânwacht. Hjir in list fan al dy beroppen.
  • Dosinten organisearje ûnderwiis op ôfstân foar bern dy't thús sitte, mei prioriteit foar eineksamenlearlingen yn it fuortset ûnderwiis en it mbû.
  • Alle hoarekagelegenheden binne mei yngong fan snein 18.00 oere ticht. Se bliuwe ticht oant en mei moandei 6 april.
  • Itselde jildt foar sport- en fitnessklups, sauna's, seksklups en coffeeshops.
  • Elkenien yn Nederlân moat, wêr't dat mooglik is, oardel meter ôfstân fan elkoar hâlde. Ek by it dwaan fan boadskippen.
  • Alle maatregels dy't earder al nommen waarden, wurde ferlinge oant en mei moandei 6 april.

Kafees en restaurants moatte ticht bliuwe om fersprieding fan it firus tsjin te gean. Hoarekagelegenheden moatte snein mei yngong fan 18.00 oeren ticht. Itselde jildt foar sportkantines, fitnessromten, seksklups en coffeeshops.

It hiele ûnderwiis leit de kommende tiid stil. Basisskoallen, middelbere skoallen, hbo-opliedingen en universiteiten geane allegear ticht, ha de ministers bepraat. Earder dizze wike koene skoallen noch iepen bliuwe fan it kabinet, mar snein hat der oerlis west tusken de skoallen, de ministearjes fan Underwiis en fan Folkssûnens, it RIVM en medysk spesjalisten.

Oprop medysk spesjalisten

De medysk spesjalisten rôpen sneon op om skoallen te sluten. Neffens harren wurde bern en jonge minsken net hiel siik fan it coronafirus, mar kinne se it wol ferspriede. Ferskate skoalkoepels en ûnderwiisorganisaasjes besleaten dêrnei sels al om de doarren ticht te hâlden.

Alle Nederlanners moatte, wêr't dat mooglik is, ôfstân fan elkoar hâlde, ek by it dwaan fan boadskippen. "Als richtlijn kunt u anderhalve meter aanhouden", seit minister Bruins.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Folgje dizze snein it nijs oer it coronafirus wer yn ús liveblog. En sjoch foar al ús berjochtjouwing oer it firus op de dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)