Ek Elan hâldt basisskoallen ticht: 21 lokaasjes yn Noardwest-Fryslân

15 mrt 2020 - 16:11

Underwiisgroep Elan, mei skoallen yn it noardwesten fan Fryslân, hat ek besletten de kommende wike alle skoallen ticht te hâlden. Se folgje mei dat beslút oare skoallemienskippen, dy't earder dit wykein al besleaten foarearst gjin ûnderwiis te jaan.

De Arjen Roelofsskoalle yn Hijum - Foto: Google Street View

"Om zowel leerlingen als medewerkers niet onnodig bloot te stellen aan mogelijk besmettingsgevaar, is dit besluit genomen", skriuwt direkteur-bestjoerder Mark Vrolijk yn in brief oan âlders en fersoargers. "Mocht het zo zijn dat u door dit besluit in de problemen komt met de opvang van uw kind, dan kunt u contact opnemen."

De ûnderwiisgroep sil no neitinke oer thúsûnderwiis. Dêroer komme se yn de rin fan kommende wike mei mear ynformaasje. Der falle 21 basisskoallen ûnder Elan. Dy skoallen steane yn Hijum, Stiens (2), Ferwert, Hallum, Sint-Anne (2), Sint-Jabik, Froubuorren, Minnertsgea, Frjentsjer (3), Bitgummole, Berltsum, Deinum, Dronryp, Marsum, Menaam, Ried en Tsjummearum.

Al mear skoallen ticht

Earder besleaten skoalmienskippen Arlanta, Noventa, PCBO Dantumadiel en ROOBOL al om de doarren fan de skoallen ticht te hâlden oant 30 maart.

(advertinsje)
(advertinsje)