Friezen om utens yn bûtenlân warskôgje foar coronafirus

15 mrt 2020 - 15:13

Friezen om utens dy't yn troch corona troffen lannen wenje, warskôgje Nederlân foar de gefolgen dy't it firus hat. Yn Italië en Spanje binne se al wiken fierder yn de maatregels. De situaasjes en de sifers dêr binne dramatysk. Yn it programma Buro de Vries praten we mei Friezen om utens yn Italië, Spanje en Eastenryk.

Erna Brinkman mei har famylje - Foto: Eigen foto

Ald-topfollybalster Erna Brinkman wennet yn Italië

Italië

Erna Brinkman fan Snits wennet al jierren yn Italië. Se sit al in skoft thús mei har famylje. Italië is it swierst troffen lân yn Europa troch it firus. It tal pasjinten is hiel heech en ek binne der in hiel soad stjergefallen. De âld-topfollybalster warskôget har famylje yn Nederlân al wiken dat se der om tinke moatte, want de impact op it libben is gigantysk. "Het is geen geintje."

De bylden fan hamsterjende Nederlanners binne herkenber foar har. Dy faze ha se yn it Súd-Europeeske lân al lang achter de rêch. Yn de begjinfaze barde it dêr ek, mar no net mear. De earnst fan it firus hat in oare útwurking no.

Italianen witte neffens Brinkman fan it negative dochs ek wer wat posityfs te meitsjen. Sa stean minsken op balkons muzyk te meitsjen en te sjongen, en is der mear ferbûnens. Sneintejûn om 12 oere sille Italianen allegear in ljochtje skine om sjen te litten dat se der noch binne en optimistysk bliuwe.

Jan Ketelaar - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Keunstner Jan Ketelaar sit fêst yn Italië

Ek yn Italië, mar net as ynwennr, sit Jan Ketelaar. De Fryske keunstner fan Drachten sit yn Calabrië yn it suden fan it lân. Hy wol hiel graach nei hûs ta, mar kin net fuort út it lytse doarpke dêr't hy yn it hûs fan syn freon Martin Simek sit. Foar Ketelaar dochs wol in hurd gelach. Hy is ûnwennich fan hûs en hat gjin idee hoelang't hy dêr noch bliuwe moat.

Yn it doarpke sels fernimt hy net safolle fan de corona, útsein dat it famke fan de pleatslike supermerk mei in masker oprint. Der binne gjin coronagefallen yn it doarpke, mar in doarp fierderop wol. Ketelaar besiket syn tiid troch te bringen mei kuierjen, skriuwen en byldhouwen. "Miskien is it ek wol goed foar my efkes, de rêst. Ik ha siik west en dan is dit miskien wol goed".

Wytze Russchen yn Brussel - Foto: Onno Falkena, Omrop Fryslân

Wytze Russchen wennet yn Spanje

Spanje

Yn Spanje wennet âld-toplobbyist Wytze Russchen. Yn syn wenplak Barcelona is it deastil op strjitte. Der bart eins neat mear sûnt de premier snein de needtastân útroppen hat. Neffens Russchen in grutte klap foar de ekonomy. Der komme gjin toeristen mear en dat is dochs dêr't in soad minsken fan libje. Dochs is der ek yn Spanje in soarte fan ferbûnens. Sa stiene in hiel soad Spanjerts sneon op de balkons en strjitten en bruts der spontaan in applaus yn it hiele lân út foar de helpferlieners.

Russchen: "Het brent mensen ook tot creativiteit om te kunnen overleven." De tiid trochkomme is wol in probleem. Der op út kin net mear. Sûnder goede reden op strjitte wêze, kin in boete fan 3.000 euro opsmite. Al hat Russchen in hûn en dy mei wol útlitten wurde. "Ik moet nog uitvinden wat ik wel en niet mag." Russchen is bliid dat it sintrale gesach no de lieding nimt yn it lân. Dat jout dúdlikens foar de befolking.

(advertinsje)
(advertinsje)