Fuortset ûnderwiis Piter Jelles en Simon Vestdijk ticht oant en mei woansdei

Alle skoallen foar fuortset ûnderwiis fan Piter Jelles en Simon Vestdijk bliuwe yn alle gefallen oant en mei woansdei ticht. It kolleezje fan bestjoer fan de grutte skoallemienskip mei 15 fêstigings yn it noarden fan Fryslân hat dit snein beslotten. De lieding komt dêrmei werom op it beslút fan sneon om yn earste ynstânsje op moandei wol iepen te gean.
It gymnasium fan OSG Piter Jelles yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"It is in geweldich gewraksel", seit bestjoerder Wiebe Wieling. "It beslút om iepen te bliuwen rôp safolle fragen en ûnrêst op, dat it ús better liket om yn alle gefallen trije dagen ticht te bliuwen." De skoalle wol sa de feilichheid fan learlingen en meiwurkers foarop stelle en ûnrêst fuortnimme.
Hoe't it ûnderwiis krekt organisearre wurdt, kommunisearret de skoalle streekrjocht mei alle learlingen en harren âlden. By it organisearren fan it ûnderwiis, eventueel digitaal, jouwe de skoallen prioriteit oan de eineksamenlearlingen.
Op de skoallen fan Piter Jelles en Simon Vestdijk yn Ljouwert, Harns, Sint-Anne, Dokkum en Kollum sitte mei-inoar sa'n 6.000 learlingen.

Soad fragen

De lieding fan de skoalle krijt al sûnt it beslút fan it kabinet op tongersdei dat de skoallen foarearst iepen bliuwe hjir in soad fragen oer. Op sneon kaam de Federaasje fan Medyske Spesjalisten mei in driuwend advys om de skoallen foarearst te sluten. Net omdat jongeren in risikogroep binne, mar benammen omdat se wol drager fan de sykte wêze kinne en dy fia de skoallen fierder ferspraat wurde kin.
© RSG Simon Vestdijk
Yn de trije dagen dat de skoalle ticht is, wol de skoallemienskip ûndersykje hoe't it ûnderwiis mei online lessen en opdrachten trochset wurde kin yn it gefal dat de skoalle langer ticht bliuwe moat.
Bestjoerder Wiebe Wieling fan de skoallemienskip