Ien nije coronabesmetting fêststeld yn Fryslân

15 mrt 2020 - 12:12

Yn Fryslân is ien nij gefal fan besmetting mei it coronafirus fêststeld. Dat hat de GGD niiskrekt bekend makke. It giet om in man fan yn de 40 út de gemeente De Fryske Marren. Hy sit yn thúsisolaasje mei syn partner, dy't net test wurde sil.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

De GGD Fryslân is dwaande mei it útfieren fan kontaktûndersyk. It totaal oantal offisjeel fêststelde besmettingen yn ús provinsje stiet no op alve.

Wurdfierder Monica Wong fan de GGD

Trefwurden: 
Fryslân coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)