Eaststellingwerf krijt nije partij mei link nei Forum voor Democratie

15 mrt 2020 - 11:54

Yn de gemeente Eaststellingwerf wurdt in nije partij oprjochte mei de namme Forum voor Ooststellingwerf. De partij wol meidwaan oan de folgjende gemeenteriedsferkiezingen yn 2022 en hat in line mei Forum voor Democratie, dy't sels net aktyf meidocht oan riedsferkiezingen.

Foto: Omrop Fryslan

De nije partij is in inisjatyf fan de 49-jierrige ûndernimmer Ben Oostra, de soan fan de eardere VVD-wethâlder mei deselde namme yn Eaststellingwerf. Hy fynt dat der wat barre moat oan de politike ûnrêst yn de gemeente. Hy hat ek fûle krityk op de gong fan saken om it finânsjeel yn swier waar sittende Biosintrum hinne en fynt dat boargemaster Harry Oosterman opstappe moat.

Oostra seit mei syn nije partij stipe te wurden troch ûndernimmers en âld-ûndernimmers. Wa't dat krekt binne, sil ynkoarten dúdlik wurde, seit er.

By de steateferkiezings yn 2019 krige Forum voor Democratie yn Eaststellingwerf de measte stimmen. Oostra tinkt op grûn dêrfan dat it by de ferkiezingen yn 2022 helber is om fjouwer riedssitten te pakken.

(advertinsje)
(advertinsje)