FIDEO: Tsjerketsjinst by Omrop Fryslân

15 mrt 2020 - 14:39

Yn Fryslân ferfalle de kommende wiken hast alle tsjerketsjinsten yn ferbân mei it coronafirus. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoerde de Omrop dizze snein live in tsjinst út. De tsjerketsjinst kaam út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei. Foargonger wie dûmny Sytze Ypma en Jochem Schuurman is de oargelist. In part fan it Kwartettekoar wurke ek mei oan de tsjinst.

Besjoch de tsjerkestjinst hjirûnder:

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjerketsjinst en lês hjir de preek (PDF-bestân).

(advertinsje)
(advertinsje)