Dronken automobilist ferset him tsjin oanhâlding

15 mrt 2020 - 08:55

In 33-jierrige automobilist út Ljouwert waard sneontenacht oanhâlden op it Ruterskertier yn syn wenplak, omdat er net yn de ferplichte rydrjochting ried. De plysje rûkte dat de man alkohol dronken hie en naam in blaastest ôf.

Drankride - Foto: Shutterstock.com

It die bliken dat de Ljouwerter fierstente folle drank op hie. Hy woe dêrnei net mear meiwurkje en doe't de plysje him oanhâlde woe, begûn er him te fersetten. De plysje hat syn rydbewiis ynnommen.

(advertinsje)
(advertinsje)