Liveblog
|
15 maart 2020
Coronanijs snein 15 maart: Rjochtbanken ticht en dûbeld gefoel by hoareka
Folgje dit liveblog om op 'e hichte te bliuwen fan it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 10:25
22:02
Ein fan dit liveblog
Oant safier dit liveblog fan dizze snein 15 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op ús webside, www.omropfryslan.nl, en op ús mobile app. Tank foar it folgjen. Moarn wer in dei.
22:00
Tsjerken en moskeeën net ferplicht ticht
Tsjerken en moskeeën hoege net ticht, seit in wurdfierder fan it ministearje fan Justysje tsjin it Nederlands Dagblad. De regel dat net mear as hûndert minsken yn in romte wêze meie, bliuwt dêr wol fan krêft. In protte fan dy gebouwen wiene snein wol ticht.
21:33
Alle biblioteken ticht
Alle biblioteken yn Fryslân binne fan moandei ôf ticht. De Fryske biblioteken folgje dêrmei de ekstra maatregelen fan it kabinet. "Dat betekent dat alle geplande publieksactiviteiten in die periode uitgesteld of geannuleerd worden", skriuwe se yn in ferklearring. "Daaronder vallen ook alle cursussen die gegeven zouden worden. De bibliotheken maken spoedig een lijst met praktische informatie openbaar op hun websites. Vragen omtrent lenen, reserveren, administratie, cursussen en bereikbaarheid worden daarin beantwoord."
21:13
Fier allinnich telefoanysk
21:13
Straffen letter
De útfiering fan wurkstraffen, dy't bygelyks by fersoarginghûzen dien wurde, kin foarearst net mear trochgean. Boppedat binne net genôch meiwurkers fan de reklassearring beskikber. Dêrom wurde de wurkstraffen foarearst útsteld, oant 6 april. Ek de Halt-straffen wurde earste útsteld.
21:05
Deibesteging Alliade ticht
Soarchgroep Alliade, dêr't ek Talant by heart, slút ûnder oare de deibesteging en de opfang nei skoaltiid.
21:04
Brief Buma oan alle Friezen
"Als we samen doen wat nodig is, kunnen we het coronavirus zeker de baas", seit Sybrand Buma yn in brief oan alle ynwenners fan Fryslân. Buma is foarsitter fan de Feilichheidsregio Fryslân. "Het gaat ons wel tijd kosten. We moeten ons daarom instellen op een andere manier van leven dan we gewend zijn."
20:27
Swimfun docht ûnderhâld
Sportbedriuw De Fryske Marren begjint moandei mei ûnderhâldswurk oan it swimbad Swimfun op De Jouwer. It swimbad moat wiken ticht, fanwegen de coronamaatregels. Dy perioade brûkt de gemeente no foar ûnderhâld en skjinmeitsjen. Gewoanwei litte swimbaden ien kear yn de trije jier it wetter fuort rinne foar in grutte skjinmakbeurt. Foar Swimfun soe dat pas yn 2021 wer nedich wêze, mar dat is no in jier nei foaren helle.
20:23
Gjin fakânsje
Dat skoallen ticht binne fan moandei ôf, betsjut net dat bern fakânsje ha. Neffens de PO Raad wurkje skoallen hurd oan alternativen. "Het zal natuurlijk anders zijn als dat kinderen in de klas zitten, maar scholen en de schoolbestuurders gaan plannen maken om de kinderen toch dingen aan te bieden", seit vice-foarsitter fan de PO Raad Anko van Hoepen. Skoallen hiene net in soad tiid om harren op de maatregels fan de oerheid klear te meitsjen. "De afgelopen weken was het vooral zaak om leraren voor de klas te houden en de scholen draaiende te houden. Voor andere dingen was geen ruimte. Maar er zullen zeker goede plannen komen. Leraren zijn ook al bezig met les geven via YouTube en ook kunnen bijvoorbeeld boekjes gekopieerd worden. Het is voor ons ook een prioriteit dat leerlingen toch hun eindexamen kunnen doen."
20:13
Fergees iten
No't de hoareka slute moast, bliuwe in soad restaurants mei in kuolling fol iten achter. Ien dêrfan is Eetcafe Het Leven yn Ljouwert. It kafee set moandei in part fan it iten op harren terras, wêr't minsken it wei helje meie. "Ophalen kan door mensen die wat minder bedeeld zijn en toch zin hebben in wat gezonde producten", skriuwt it kafee. It giet om bôle, mar ek griente en fleis.
20:04
"Toskedokters, ferlien gjin reguliere soarch meer"
Fan moandei ôf gjin reguliere soarch mear by toskedokters, mar allinnich spoedeaskjende soarch. Dat is wat mûlesoarchkoepels KNMT, ANT, NVM en ONT harren leden as advys jouwe. It is foar toskedokters net mooglik om 1,5 meter ôfstân te hâlden fan harren pasjinten, wat wol advys fan de oerheid is. De koepels wolle dêrom dat de praktiken slute.
19:45
Rêstich yn 'e Doelesteech
19:43
"Rare tijden"
19:42
Besoargjen giet wol troch
19:40
KNVB: ek gjin trainingen
Fuotbalbûn KNVB ropt profklups op om stadions en trainingsfasiliteiten te sluten. It bûn folget dêrmei it advys fan de oerhied op. Tongersdei liet it bûn al witte alle wedstriden yn it betelle fuotbal tot 31 maart út te stellen. Dat is yntusken ferlinge oant 6 april. De profklups woene wol troch traine, mar no ropt it bûn op om ek dêrmei op te hâlden.
19:34
Rjochtbanken ticht
De rjochtspraak hat niiskrekt besletten dat mei yngong fan tiisdei 17 maart de rjochtbanken, gerjochtshôven en bysûndere kolleezjes tichtgeane. Urginte saken geane wol troch. Der is fan tiisdei ôf ek gjin publyk mear wolkom by de saken.
19:26
Sittingen mooglik letter
De maatregels tsjin it coronafirus ha nei alle gedachten ek gefolgen foar de rjochtbanken. Mooglik wurde sittingen letter holden. Op it stuit wurdt der nei in oplossing socht foar de saken dêr't in wetlike termyn foar stiet. Nei alle gedachten is der moandei mear dúdlik oer de rjochtsaken.
19:23
Wassink tsjin toeristen: "Blijf thuis"
Boargemaster Bert Wassink fan Skylge ropt toeristen op om net nei it eilân te kommen. "Volle boten passen niet meer in het huidige beeld", seit er by Terschelling TV. Ferskate eilanners ha in inisjatyf om elkoar te helpen. Yn de Facebook-groep 'Mijn deur staat open op Terschelling' kinne minsken oanjaan oft se bern fan soarchmeiwurkers opfange kinne.
18:52
Lessen op ôfstân
It Linde College yn Wolvegea is krekt as alle oare skoallen ticht oant en mei 6 april, mar it gebou is moandei wol iepen foar meiwurkers. Dy beprate dan hoe't se de kommende wiken oanpakke sille. Se wurkje bygelyks oan oar ûnderwiis, sadat se mooglik fan tiisdei ôf lessen op ôfstân jaan kinne.
18:48
Elkoar helpe
18:45
Begryp en ûnbegryp by hoareka
De Koninklijke Horeca Nederland (KHN) hat der begryp foar dat alle kafees en restaurants mei it each op de sûnens ticht moatte. Mar direkteur Dirk Beljaarts begrypt net wêrom't alle saken om 18.00 oere al ticht w6eze moasten. "Dat is toch wel een beetje gek", seit er. "Om half 6 was de persconferentie en een half uur later moest alles leeg zijn. Ik roep alle horeca-ondernemers op het zo snel mogelijk te doen. Maar in een half uur is het niet te doen. Ik hoop ook niet dat ze daarop gaan handhaven, maar er een beetje coulant mee omgaan."
"Het staat als een paal boven water dat er veel faillissementen verwacht worden. Het baart ons daarom ook zorgen dat het pakket met maatregelen uitblijft. Er wordt geroepen dat er genoeg geld is, maar er moet per direct steun komen vanuit de overheid. Nu zijn de zorgen bij veel ondernemers groot."
KHN wol op syn minst 5,1 miljard euro foar needmaatregels om hoareka-ûndernimmers te stypjen.
18:32
Hoareka leech
18:19
Drok by de coffeeshops
De coffeeshops moatte ek ticht, dat soarget foar in soad ekstra drokte.
18:18
Oersjoch
In oersjoch fan de nije coronamaatregels fan it kabinet:
18:05
Mear sportwedstriden ôfsein
No't de maatregels fan it kabinet jilde oant 6 april, binne der noch mear sportwedstriden dy't de kommende tiid net trochgeane. Earst wiene alle wedstriden oant 31 maart ôfsein. SC Hearrenfean soe op 4 april spylje tsjin Sparta en SC Cambuur in dei earder tsjin Den Bosch. Dy twa wedstriden geane dus ek net troch.
18:04
Pasjint op IC
By in persoan op de intensive care fan it Ljouwerter sikehûs MCL is it coronafirus fêststeld. Dy persoan leit oan de beäzeming.
17:36
Krisisoerlis hoareka
De Fryske hoareka hâldt moandeitemoarn in krisisoerlis oer de nije maatregels. Dat seit Corné van de Erve, foarsitter fan de Koninklijke Horeca yn Fryslân.
17:31
Nije maatregels jilde oant 6 april
Skoallen en berne-opfangplakken bliuwe oant en mei 6 april ticht. Hoarekagelegenheden moatte snein mei yngong fan 18.00 oeren ticht. Itselde jildt foar sportkantines, fitnessromten, seksklups en coffeeshops. Ek oant en mei 6 april.
Alle Nederlanners moatte boppedat, wêr't dat mooglik is, ôfstân fan elkoar hâlde, ek by it dwaan fan boadskippen. "Als richtlijn kunt u anderhalve meter aanhouden", seit minister Bruins.
17:04
Parsekonferinsje ministers by de Omrop
Omrop Fryslân stjoert om 17.30 de parsekonferinsje fan ministers Slob (ûnderwiis) en Bruins (folkssûnens) live út op radio, telefyzje en online.
17:03
Toskedokters
De Koninklijke Nederlandse Maatschappij tot Bevordering der Tandheelkunde wykt ôf fan de advizen fan it RIVM wat de bestriding fan it coronafirus oanbelanget. Oant 6 april dogge se allinnich noch spoedbehannelingen by minsken dy't gjin coronafirus ha.
16:41
Ekstra útstjoering Fryslân Hjoed
Omrop Fryslân komt dizze snein mei in ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed. Dat hat te krijen mei de nijste ûntwikkelingen fan it coronafirus. Yn de útstjoering ûnder oare:
16:39
Maatregels húsartsepraktyk
De húsartsepraktyk fan Dronryp seit de measte ôfspraken ôf en docht foarearst gjin laboratoariumûndersyk. Dêrmei wolle se derfoar soargje dat de akute soarch earst trochgean kin. Minsken meie ek allinnich medikaasje ophelje as se gjin klachten ha en der mei mar ien persoan tagelyk nei binnen ta.
16:32
Hoareka ek ticht
RTL Nieuws meldt dat ek alle hoarekagelegenheden foarearst ticht bliuwe.
16:29
Alle skoallen ticht
Alle skoallen yn Nederlân bliuwe foarearst ticht, om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Dat hat it kabinet besletten nei oerlis mei de organisaasjes yn it ûnderwiis.
Ministers Slob fan ûnderwiis en Bruins fan sûnens jouwe om 17.00 oere in parsekonferinsje oer it beslút.
Ferskate skoallekoepels yn Fryslân hiene sels al besletten om de doarren ticht te hâlden.
16:21
Learling De Gordyk hat grypferskynsels, skoalle ticht
In learling út de ûnderbou fan basisskoalle De Librije op De Gordyk hat grypferskynsels, nei't dy yn kontakt west hat mei in coronapasjint. Op dat stuit wie it net dúdlik dat dy oare persoan it firus hie. De learling is mei famylje yn thúskarantêne gien. It is net dúdlik oft de learling it firus echt hat, omdat de GGD gjin testen mear útfiert by bern. Dêrmei wolle se testkits bewarje. "Meerdere leden van dit gezien hebben op dit moment griepsymptomen na contact met de coronapatiënt en zijn op school geweest", skriuwt it skoalbestjoer oan de âlders.
Skoalle ticht
It bestjoer en de direksje fan de skoalle hat besletten om de skoalle foarearst ticht te hâlden. Se witte noch net hoe lang. "Het is voor ons een moeilijk besluit, maar we moeten deze nemen om leerlingen en leerkrachten te beschermen tegen dit heftige virus."
De skoalle wurket op it stuit oan lesmetoaden op ôfstân. Se meitsje noch bekend hoe't dat dan presys wurket.
De earste twa coronapasjinten yn Fryslân wiene in man en in frou dy't op De Gordyk wenje.
15:38
Swimmers net mear nei Drachten
De Nederlânske topswimmers gongen juster noch nei Drachten ta, om dêr yn in âld kleaster te trainen. Dat plan giet net mear troch. Maurits Hendriks, de technysk direkteur fan sportkoepel NOC*NSF, hat besletten dat sportklups alle fasiliteiten tichtdwaan moatte. "Wij kunnen ons niet onttrekken aan datgene wat er in de maatschappij gebeurt. Ik vind zelfs dat wij een voorbeeldfunctie hebben. Dan zijn halve maatregelen geen maatregelen. Vandaar dit besluit."
André Cats, de technysk direkteur fan it swimbûn, jout gehoar oan it beslút. "Ik snap die beslissing. En dus gaan we weer verhuizen, terug naar huis. De zwemmers reageerden verslagen en verdrietig, ze worden nu heel hard geconfronteerd met het feit dat hun zwemseizoen en droom op een goede voorbereiding op de Olympische Spelen in rook opgaan. Maar ze zijn ook begripvol. Iedereen is onder de indruk van de hele situatie."
15:35
Sportskoallen ticht
BasicFit slút al har sportskoallen. It bedriuw hat yn Fryslân trije fêstigingen yn Ljouwert, ien yn Drachten en ien yn Snits.
15:23
Noch mear skoallen ticht
Underwiisgroep Elan mei skoallen yn it noardwesten fan Fryslân hat ek besletten de kommende wike alle skoallen ticht te hâlden. "Om zowel leerlingen als medewerkers niet onnodig bloot te stellen aan mogelijk besmettingsgevaar, is dit besluit genomen", skriuwe se yn in brief oan âlders en fersoargers. "Mocht het zo zijn dat u door dit besluit in de problemen komt met de opvang van uw kind, dan kunt u contact opnemen."
De ûnderwiisgroep sil no neitinke oer thúsûnderwiis. Dêroer komme se yn de rin fan kommende wike mei mear ynformaasje. Der falle 21 basisskoallen ûnder Elan. Dy skoallen steane yn Hijum, Stiens (2), Ferwert, Hallum, Sint-Anne (2), Sint-Jabik, Froubuorren, Minnertsgea, Frjentsjer (3), Bitgummole, Berltsum, Deinum, Dronryp, Marsum, Menaam, Ried en Tsjummearum.
Al mear skoallen ticht
Earder besleaten skoalmienskippen Arlanta, Noventa, PCBO Dantumadiel en ROOBOL al om de doarren fan de skoallen ticht te hâlden oant 30 maart.
14:22
Iris Kroes chilt yn Australyske jacuzzi
Sjongeres Iris Kroes hat dit wykein in bliksembesite oan Australië brocht. Se wie nei Perth flein om op in cruiseskip op te treden. It wie de bedoeling dat se in pear wiken fuort wêze soe, mar dat waarden in pear dagen. Mar, se hat út har tripke alles helle wat deryn siet, seit Kroes yn in filmke op Twitter. Kroes is yntusken op de weromreis nei Fryslân.
13:55
Ferkiezing Fryske ûndernimming útsteld
De ferkiezing fan de Fryske ûndernimming fan it jier is útsteld nei 16 juny. De finale stie pland foar begjin april, mar wurdt no ferskood yn ferbân mei it coronafirus. Yn de finale stride trije Fryske ûndernimmingen om de titel fan 2020: Friesland Lease út Drachten, Oreel Groep út Hallum en Spinder Dairy Housing Concepts út Drachten. De organisaasje ferwachtet hûnderten gasten by de ferkiezing.
13:45
AquaZoo Ljouwert ticht
Dieretún AquaZoo by Ljouwert hat de doarren sletten. Yn oerlis mei de Veiligheidsregio wurdt besjoen wannear't it park wer folslein of foar in diel iepen kin. AquaZoo seit dat it wolwêzen fan de bisten net yn gefaar komt.
13:32
Middelbere skoallen ticht
Alle skoallen foar fuortset ûnderwiis fan Piter Jelles en Simon Vestdijk bliuwe yn alle gefallen oant en mei woansdei ticht. It kolleezje fan bestjoer fan de grutte skoallemienskip mei 15 fêstigings yn it noarden fan Fryslân hat dit snein beslotten. De lieding komt dêrmei werom op it beslút fan sneon om yn earste ynstânsje op moandei wol iepen te gean. De skoalle makket in útsûndering foar de eksamenklassen. Op de skoallen sitte mei-inoar sa'n 6.000 learlingen.
12:27
Alle basisskoallen Noardeast-Fryslân ticht
Kristlike ûnderwiiskoepel Noventa slút fan moandei ôf de doarren fan al har skoallen. It is in foarsoarchsmaatregel yn ferbân mei it coronafirus. Ek de basisskoallen fan Arlanta, PCBO Dantumadiel en ROOBOL gean ticht. Dêrmei binne alle basisskoallen yn Noardeast-Fryslân, dat binne der 52, fan moandei ôf ticht.
Harrie Steenstra fan Noventa seit: "Het is een moeilijke afweging, maar wij hebben onze verantwoordelijkheid genomen: het gaat om onze kinderen, het gaat om onze ouders, het gaat om onze medewerkers, en wij hebben gemeend om gistermiddag in gezamenlijkheid met de vier besturen deze beslissing te moeten nemen."
12:16
De teller stiet op alve
Yn Fryslân is ien nij gefal fan besmetting mei it coronafirus fêststeld. Dat hat de GGD niiskrekt bekend makke. It giet om in man fan yn de 40 út de gemeente De Fryske Marren. Hy sit yn thúsisolaasje mei syn partner, dy't net test wurde sil. De GGD Fryslân is dwaande mei it útfieren fan kontaktûndersyk. It totaal oantal offisjeel fêststelde besmettingen yn ús provinsje stiet no op alve.
10:54
Lanlike boekewike ferlinge
De boekewike soe dit wykein al einigje, mar fanwegen it coronarifus duorret it inisjatyf no twa wiken langer. De CPNB, de Stichting Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek, nimt dit beslút om't se fine dat de boekewike oars ta in frjemd ein komt. De boekewikegeskinken en it promoasjemateriaal kinne yn de boekewinkels lizzen bliuwe. De CPNB ropt lêzers op om harren boeken fia it ynternet yn hûs te heljen.
10:38
Werhelling tsjerketsjinst by Omrop
De tsjerketsjinst dy't live by Omrop Fryslân útstjoerd waard op telefyzje, radio en online, wurdt om 12.00, 14.00 en 16.00 oere werhelle. Minsken dy't de tsjinst mist ha of nochris sjen wolle, kinne de útstjoering dan folgje op telefyzje. De tsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dûmny Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. Op ús webside is de tsjerketsjinst ek te sjen.
10:05
Advokaten wolle sluting rjochtbanken
Strafrjochtadvokaten wolle dat alle rjochtbanken en gerjochtshôven yn Nederlân oant 1 april tichtbliuwe. Dy oprop dogge se oan de oerheid. Se fine it sûnensrisiko te grut om fertochten, advokaten, rjochters en plysje byinoar te hawwen yn deselde romte.
09:51
Oefenwedstriden SC Hearrenfean
SC Hearrenfean spilet freed in oefenwedstriid tsjin Go Ahead Eagles en woansdei tsjin Volendam. De wedstriden binne besletten en ûnder foarbehâld fan fierdere maatregels. De spilers fan Hearrenfean traine dit wykein net, dat pakke se moandei wer op.
08:05
Spoedoerlis kabinet oer sluting skoallen
It kabinet hat sneintemiddei spoedoerlis mei de Federatie Medisch Specialisten (FMS). Dizze federaasje fan medisy die sneon in oprop om alle skoallen yn Nederlân te sluten. Dêrtroch is de drok op it kabinet om de skoallen ticht te dwaan tanommen. Fjouwer basisûnderwiiskoepels yn Fryslân ha sneon al besletten harren doarren foarearst ticht te hâlden en ek yn it Fryske middelber ûnderwiis binne hieltyd mear skoallen dy't mei yngong fan moandei tydlik gjin les mear jaan. Ek hbo-skoallen en universiteiten jouwe foarearst gjin kolleezjes mear.
08:02
Tsjerketsjinst live by Omrop Fryslân
Yn ferbân mei it coronafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken hast alle tsjerketsjinsten. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop snein fan 10.00 oere ôf live in tsjinst út. Dizze tsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dûmny Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. In part fan it Kwartettekoar wurket ek mei oan de tsjinst. By de spesjale tsjerketsjinst binne gjin tsjerkegongers oanwêzich. De live-útstjoering is te folgjen op telefyzje, radio en online.
08:00
Wolkom op dit liveblog
Goeiemoarn, fansels hâlde we jim op dizze snein ek wer op 'e hichte oer it coronafirus yn Fryslân. Yn dit liveblog fermelde we it lêste coronanijs.