Coronanijs snein 15 maart: Rjochtbanken ticht en dûbeld gefoel by hoareka

15 mrt 2020 - 22:00

Yn ús provinsje binne oant no ta 12 besmettingen mei it coronafirus fêststeld. Alle skoallen binne mei yngong fan moandei ticht. Ek de doarren fan hoareka geane foarearst net iepen en de sport leit stil. De nije maatregels fan it kabinet jilde oant en mei 6 april.

  • Alle fêststelde besmettingen yn Nederlân en Fryslân binne op dizze kaart te sjen.
  • By 12 Friezen is it firus konstatearre: in man en frou fan De Gordyk (yn de 50); in man fan Drachten (78) en syn frou; in Ljouwerter (32); in man fan Snits (yn de 40); in man fan Terkaple (47); in man fan Balk (yn de 40); in meiwurker fan sikehûs Tjongerskâns út De Jouwer; in frou út Boarnburgum (yn de 20); in man út de gemeente De Fryske Marren (yn de 40); in persoan op de intensive care yn it Ljouwerter sikehûs MCL.
  • Giet in evenemint net troch yn Fryslân? Meld it en stjoer in mail nei: aginda@omropfryslan.nl. Besjoch hjir hokker eveneminten yn de provinsje net trochgean.
  • Alle artikelen oer it coronafirus binne te lêzen op ús dossierside.

Dit liveblog kun je ook in het Nederlands volgen.

22:02
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan dizze snein 15 maart oer it coronafirus yn ús provinsje. Al ús nijs fine je op ús webside, www.omropfryslan.nl, en op ús mobile app. Tank foar it folgjen. Moarn wer in dei.

22:00
Tsjerken en moskeeën net ferplicht ticht

Tsjerken en moskeeën hoege net ticht, seit in wurdfierder fan it ministearje fan Justysje tsjin it Nederlands Dagblad. De regel dat net mear as hûndert minsken yn in romte wêze meie, bliuwt dêr wol fan krêft. In protte fan dy gebouwen wiene snein wol ticht.

21:33
Alle biblioteken ticht

Alle biblioteken yn Fryslân binne fan moandei ôf ticht. De Fryske biblioteken folgje dêrmei de ekstra maatregelen fan it kabinet. "Dat betekent dat alle geplande publieksactiviteiten in die periode uitgesteld of geannuleerd worden", skriuwe se yn in ferklearring. "Daaronder vallen ook alle cursussen die gegeven zouden worden. De bibliotheken maken spoedig een lijst met praktische informatie openbaar op hun websites. Vragen omtrent lenen, reserveren, administratie, cursussen en bereikbaarheid worden daarin beantwoord."

21:13
Straffen letter

De útfiering fan wurkstraffen, dy't bygelyks by fersoarginghûzen dien wurde, kin foarearst net mear trochgean. Boppedat binne net genôch meiwurkers fan de reklassearring beskikber. Dêrom wurde de wurkstraffen foarearst útsteld, oant 6 april. Ek de Halt-straffen wurde earste útsteld.

21:05
Deibesteging Alliade ticht

Soarchgroep Alliade, dêr't ek Talant by heart, slút ûnder oare de deibesteging en de opfang nei skoaltiid.

21:04
Brief Buma oan alle Friezen

"Als we samen doen wat nodig is, kunnen we het coronavirus zeker de baas", seit Sybrand Buma yn in brief oan alle ynwenners fan Fryslân. Buma is foarsitter fan de Feilichheidsregio Fryslân. "Het gaat ons wel tijd kosten. We moeten ons daarom instellen op een andere manier van leven dan we gewend zijn."

Lês mear.

20:27
Swimfun docht ûnderhâld

Sportbedriuw De Fryske Marren begjint moandei mei ûnderhâldswurk oan it swimbad Swimfun op De Jouwer. It swimbad moat wiken ticht, fanwegen de coronamaatregels. Dy perioade brûkt de gemeente no foar ûnderhâld en skjinmeitsjen. Gewoanwei litte swimbaden ien kear yn de trije jier it wetter fuort rinne foar in grutte skjinmakbeurt. Foar Swimfun soe dat pas yn 2021 wer nedich wêze, mar dat is no in jier nei foaren helle.

20:23
Gjin fakânsje

Dat skoallen ticht binne fan moandei ôf, betsjut net dat bern fakânsje ha. Neffens de PO Raad wurkje skoallen hurd oan alternativen. "Het zal natuurlijk anders zijn als dat kinderen in de klas zitten, maar scholen en de schoolbestuurders gaan plannen maken om de kinderen toch dingen aan te bieden", seit vice-foarsitter fan de PO Raad Anko van Hoepen. Skoallen hiene net in soad tiid om harren op de maatregels fan de oerheid klear te meitsjen. "De afgelopen weken was het vooral zaak om leraren voor de klas te houden en de scholen draaiende te houden. Voor andere dingen was geen ruimte. Maar er zullen zeker goede plannen komen. Leraren zijn ook al bezig met les geven via YouTube en ook kunnen bijvoorbeeld boekjes gekopieerd worden. Het is voor ons ook een prioriteit dat leerlingen toch hun eindexamen kunnen doen."

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)