Coronafirus desastreus foar Fryske hoareka: "Allerhoogste alarmfase"

14 mrt 2020 - 20:31

De coronakrisis hat fiergeande gefolgen foar Fryske hoarekabedriuwen. It reint ôfsizzings by restaurants yn de provinsje. Dat seit Corné van de Erve, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de Koninklijke Horeca Nederland. "Het is dramatisch, ik kan niet anders zeggen."

Neffens Van de Erve binne de problemen hiel grut. "Allerhoogste alarmfase. Alle bellen zijn gaan rinkelen. Het is dramatisch, ik kan niet anders zeggen. Ik krijg van een heleboel horeca-ondernemers door dat er 80, 90 procent minder omzet is en alleen maar annuleringen."

Ien fan dy restaurants dêr't dat ek foar jildt is Proefverlof yn Ljouwert, sjocht eigener Willem Schaafsma. "Normaal sjoen draaie we sneons mei gemak boppe de hûndert man. We komme hjoed net boppe de tweintich. Juster sieten we op acht. Al ús feestjes en partijen binne annulearre."

Foto: ANP Foto

Dêrom hat Schaafsma it beslút naam om fan snein ôf twa wiken ticht te gean mei Proefverlof. "Ticht gean is better as iepen bliuwe. We hawwe in grut bedriuw mei in protte meiwurkers, dy wolle we op dizze manier ek beskermje." It personiel komt Schaafsma wat temjitte troch frijwillich twa wiken fakânsje op te nimmen. Dêrtroch bliuwt de skea noch in lyts bytsje beheind. "It is in hiele grutte strop. Mar it is in muoilike tiid foar elkenien. We hoopje dat we der noch binne as it firus foarby is."

Fallyt?

De maatregels fan de oerheid duorje yn elk gefal oant en mei 31 maart. Van de Erve hat noed oer de takomst fan de hoareka. "We kunnen alleen maar gissen wat er gaat gebeuren, maar ik maak me wel ernstige zorgen dat we als grootste werkgever van Fryslân failliet gaan met zijn allen. Dan hebben we geen horeca meer om de gasten te ontvangen. Dat is dramatisch."

Moandei sil Van de Erve mei de oare bestjoersleden fan de Keninklike Hoareka Nederlân om tafel. Se hoopje dêrnei yn petear te gean mei de provinsje en gemeentes om te sjen hoe't se it meiinoar oplosse kinne. "Van restaurant tot café. Allemaal krijgen ze harde klappen. Waar het eindigt, weet ik niet", freget Van de Erve him ôf. Hy hat noch wol in tip foar de Friezen: "De consument kan ons helpen door gewoon te komen eten. Dat is veilig, als je de richtlijnen van het RIVM volgt. Kom alsjeblieft gewoon gezellig eten, daar help je ons in ieder geval al mee."

Foto: Omrop Fryslân

Schaafsma hat mei De Bak en Eindeloos noch twa oare restaurants yn Ljouwert. Allinne dy lêste bliuwt iepen. Wat him wol posityf stimd, is dat der in soad belutsenheid is. "We hawwe in oprop set op Facebook om ús te stypjen. We freegje minsken om no dinerbonnen te bestellen, om letter yn it jier by ús te iten." Dêrfan binne der yn in pear oeren tiid al mear as tritich ferkocht.

(advertinsje)
(advertinsje)