Grien ljocht ferljochting It Bilt
Ut de strjitferljochting yn it bûtengebiet fan de gemeente It Bilt skynt tenei grien ljocht. De gemeente wol mei de griene LED-lampen it enerzjyferbrûk fan de strjitferljochting bot ferminderje. Neffens de gemeente giet it om 30 persint dat besunige wurde kin.
It griene ljocht is ek better foar de bisten. Dy hawwe der minder lêst fan.