Sanjesfertier yn Feanwâlden wurdt Sanjes Safari

14 mrt 2020 - 19:37

Boarters- en bistepark Sanjesfertier yn Feanwâlden krijt in nije namme: Sanjes Safari. Der is in stik grûn oankocht en de twa parken wurde oan mekoar keppele.

Foto: Google Maps

"De bistetún is altyd wat ûnderbeljochte west, en wêr't wy mei no dwaande binne is de twa parken fysyk ferbine. Wy koene in stik grûn fan de gemeente keapje en dat binne wy no oan it ynrjochtsjen", fertelt Wimer Visbeek fan Sanjesfertier.

Coronafirus

It park hat op it stuit ek lêst fan alle maatregels seit Visbeek. "It is 'ongekend', ik tink dat yn dizze brânsj wol de klappen falle. Minsken kinne maklik de keuze meitsje om net hinne te gean, dat fiele wy fuort." It park hie sneon in kwart fan it tal besiker dat der gewoanwei komt.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen by Sanjesfertier

Trefwurden: 
Feanwâlden Sanjesfertier
(advertinsje)
(advertinsje)