Omrop TIP: Tsjerketsjinst live by Omrop Fryslân

14 mrt 2020 - 19:30

Yn ferban mei it coronafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken hast alle tsjerketsjinsten. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop snein fan 10.00 oere ôf live in tsjinst út.

Foto: Omrop Fryslân

De tsjinst komt út de Martinitsjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dominy Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. In part fan it Kwartettekoar wurket ek mei oan de tsjinst. By de spesjale tsjerketsjinst binne gjin tsjerkegongers oanwêzich. De live-útstjoering is te folgjen op telefyzje, radio en online.

Fanwegen it coronafirus hâlde in soad tsjerken de doarren ticht. De PKN Klassis Fryslân riedt tsjerketsjinsten ek ôf en slút him dêrby oan by de maatregels dy't it lanlike PKN (Protestantse Kerk in Nederland) nommen hat nei de advizen fan it kabinet en it RIVM.

Trefwurden: 
Omrop Tip tsjerketsjinst
(advertinsje)
(advertinsje)