ONS Snits komt mei fuotbalchallenge yn tiid fan coronafirus

14 mrt 2020 - 18:50

It coronafirus leit it Fryske sportlibben de kommende wiken stil. Dus moatte klups nije aktiviteiten betinken foar harren leden. Mar hoe dogge je dat yn in tiid dat elk evenemint ôfsein wurdt? ONS Snits begjint in '18-dagen fuotbalchallenge.' Leden fan de klup kinne thús allegearre oefeningen dwaan. Die kin se filmje en nei harren trainer opstjoere. Hy jout punten oan de oefening en op de ein fan de útdaging wint de spiler mei de measte punten in priis.

It nijs oer it útstellen fan de wedstriden sloech hurd yn by de fuotbalklup út Snits. "Je wolle as trainer fansels my die jonges oan de kant stean," seit Pascal van der Kooi. Hy is as trainer fan de jongerein ûnder 11 elke sneon op paad, mar dat stiet no dus stil. "Ja mei de jonges nei it fuotbaljen en dernei noch mei ús dochter nei it follybalje. Us hiele sneon bestiet út sport," seit Van der Kooi wylst hy oer yn leech Sportpark hinne sjocht. "Dat is no dus fuort."

Foto: ONS Sneek

"Maar daar komt nu verandering in," laket Douwe Jan van der Wal, teammanager by de klup. Hy hat de '18-dagen Challenge' betocht. ONS set elke dei in nije útdaging foar har jonge leden online. Sa moatte se bygelyks 50 kear heechhâlde of fan meters ôfstân op de lat fan it doel sjitte. Dat moatte se dan filmje litte troch ien. "Daarna kunnen ze alles doorsturen naar hun trainer en die bepaalt hoeveel punten ze halen," fertelt Douwe Jan entûsjast. "Aan het einde van de 18 dagen, op 31 maart, heeft de persoon met de meeste punten gewonnen." De priis is in grut goal mei in set pionnen.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by ONS oer de challenge

De earste challenge stiet online en is fuortendaliks al troch in protte leden dien. Ien derfan is Beau, de soan fan Pascal. Hy spilet yn it team fan ûnder 11 en baalt derfan dat der net fuotbalje kin. "Maar de challenge maakt een hoop goed," seit Beau. Hy hâldt de bal mear as 15 kear heech. "Nu kunnen we op zaterdag toch nog wat fanatiek doen. Die prijs ga ik winnen en dan sta ik in april weer vol goede moed op het veld."

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)