Noppert berikt heale finale op sande Players Championship

14 mrt 2020 - 18:14

Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontemiddei de heale finale berikt fan it sande Players Championship yn Barnsley (Ingelân). Dêryn wie Nathan Aspinall út Ingelân mei 7-3 te sterk foar de Fryske darter.

Foto: Orange Pictures

Noppert helle de finale nei oerwinningen tsjin ûnder oare âld-wrâldkampioen Rob Cross (6-5), de sterke Poal Krzysztof Ratajski (6-2) en Daryl Gurney, de Noard-Ier dy't útkomt yn de Premier League (6-0).

Yn de heale finale helle Noppert in goed nivo mei in gemiddelde fan 103, mar Aspinall wie krekt noch wat better mei in gemiddelde fan mar leafst 105.5. Moarn stiet yn Barnsley it achtste Players Championship op it programma.

Trefwurden: 
Danny Noppert darts
(advertinsje)
(advertinsje)