Epke oer wrâldbeker Bakoe: "Foar de Spelen hie ik wol wat risiko oerhân"

De rekstôkfinale yn Bakoe, Azerbeidzjan, dy't dit wykein op it programma stie, giet net troch. Epke Zonderland, dy't him pleatst hie foar dy finale, hie efterôf de finale wol turnje wollen. "As it betsjutten hie dat ik my sa pleatst hie foar de Spelen, dêr hie ik wol wat risiko foar oerhân."
gjin finale
Zonderland woe yn Bakoe syn kopposysje yn it wrâldbekerklassemint ferstevigje. De winner fan de wrâldbeker pleatst him foar de Olympyske Spelen. Zonderland syn iennige konkurrint, de Japanner Hidetaka Miyachi, die net mei yn Bakoe. "Ik bin noch altyd net 100 % wis fan myn Olympyske ticket. De wedstriid is no ferpleatst nei juny. As bliken docht dat Miyachi dêr wol wer meidwaan wol, moatte we der dochs wer om stride. Dat betsjut dat ik yn juny op topnivo wêze moat en in moanne letter by de Spelen yn july wer. Dat kin wol, mar it is wol dreech."

Pandemy al hûndert jier net mear sjoen

Wat Zonderland oanbelanget hie de finale wol trochgean kinnen. "Ik en de oare turners sieten al efkes yn Bakoe. En it tal taskôgers is by dizze wedstriden ek net grut. Ik begryp it wol, want fan de oerheid út wurdt alles ôfsein. Mar as it betsjutten hie dat ik mei sa pleatst hie foar de Spelen, dêr hie ik wol wat risiko foar oerhân."
De rekstôkspesjalist is yntusken wer yn Nederlân, en dat wie hast net slagge. "Wy hiene ien fan de lêste fleantúgen dy't noch normaal op skema gie. Dêrnei is der in soad oanpast."
As dokter sjocht Zonderland fansels ek út syn fakgebiet wei nei it koronafirus. "In pandemy as dizze ha wy al hûndert jier net mear sjoen. It is ek wat, mei alle konsekwinsjes dy't der achterwei komme. En neffens my stean wy noch mar oan it begjin. It is hiel muoilik om in foarsizzing te dwaan hoe't dit him ûntwikkelje sil."
Epke Zonderland